Gemeenten en Frysk Gemeenten en Frysk
  • Oer
  • Service
  • Contact
  • Ramt
  • Undersiken
  • Underwerpen
  • Helpmiddels
  • Ramt
  • Undersiken
  • Underwerpen
  • Helpmiddels
  • Oer
  • Service
  • Contact

Frysk by oerheden

Elk dy’t him rjochtet ta oerheden dy’t fêstige binne yn Fryslân mei de Fryske taal brûke, sa is it regele yn de Wet gebrûk Fryske taal. Oerheden stelle regels op oer it brûken fan it Frysk yn it kontakt mei de boargers, lizze dat fêst yn in feroardering en wurkje dat út yn in taalbeliedsplan. Oerheden yn Fryslân sette harren yn om de taal te behâlden én te befoarderjen. Elk op syn eigen wize, mar soms ek yn gearwurking mei inoar. Dit platfoarm biedt in oersjoch fan aktiviteiten en ynformaasje dy’t oerheidsmeiwurkers brûke kinne om it taalbelied en aktiviteiten yn harren gemeente foarm te jaan.

Gemeentlike organisaasje

Alle Fryske gemeenten dy’t ûnder de Wet gebrûk Fryske Taal falle, hawwe in taalbeliedsplan en taalferoardering opsteld.

Underwiis

Skoallen fasilitearje en stimulearje om it ûnderwiis yn it Frysk foarm te jaan is in taak dy’t de gemeente goed past.

Media en kultuer

Gemeenten kinne organisaasjes dy't wichtich binne foar it foarmjaan fan it kultureel belied en de kulturele identiteit fan de gemeente, op ferskate wizen stypje en fasilitearje.

Sosjaal domein

As opdrachtjouwer en útfierder fan soarch en stipe yn it sosjaal domein hat de gemeente in grutte taak. Yn it kontakt mei de boarger is taal fan wêzentlik belang.

Steds- en streektalen

Yn Fryslân wurde neist it Frysk en it Nederlânsk ferskate steds- en streektalen sprutsen. Gemeenten hawwe neist omtinken foar it Frysk ek omtinken foar de steds- en streektalen dy’t yn harren gemeente praat wurde.

Ryksútfierings- organisaasjes

It brûken fan de memmetaal helpt om it kontakt mei klanten te fersterkjen. Neist dat it wetlik fêstlein is, hat it foaral foardielen yn de tsjinstferliening oan klanten. Elke organisaasje kin dêr syn foardiel mei dwaan.

BABS

Spesjaal foar BABSen yn Fryslân hawwe wy digitale boustiennen beskikber foar in houlik yn it Frysk. Boustiennen mei sawol de formele teksten mar ek mei gedichten en siswizen yn it Frysk.

Wy helpe jo graach!

Wy stean foar jo klear mei stipe en advys by it opstellen en útfieren fan taalbelied en al jo taalfragen. Nim frijbliuwend kontakt mei ús op om te hearren wat wy foar jo betsjutte kinne.

Afuk
Beheer toestemming

Wij maken gebruik van functionele en analytische cookies voor optimalisatie en statistieken. Als je geen toestemming geeft of je toestemming intrekt, kan dit een nadelige invloed hebben op bepaalde functies en mogelijkheden op deze website.

Functioneel Altijd actief
De technische opslag of toegang is strikt noodzakelijk voor het legitieme doel het gebruik mogelijk te maken van een specifieke dienst waarom de abonnee of gebruiker uitdrukkelijk heeft gevraagd, of met als enig doel de uitvoering van de transmissie van een communicatie over een elektronisch communicatienetwerk.
Voorkeuren
De technische opslag of toegang is noodzakelijk voor het legitieme doel voorkeuren op te slaan die niet door de abonnee of gebruiker zijn aangevraagd.
Statistieken
De technische opslag of toegang die uitsluitend voor statistische doeleinden wordt gebruikt. De technische opslag of toegang die uitsluitend wordt gebruikt voor anonieme statistische doeleinden. Zonder dagvaarding, vrijwillige naleving door je Internet Service Provider, of aanvullende gegevens van een derde partij, kan informatie die alleen voor dit doel wordt opgeslagen of opgehaald gewoonlijk niet worden gebruikt om je te identificeren.
Marketing
De technische opslag of toegang is nodig om gebruikersprofielen op te stellen voor het verzenden van reclame, of om de gebruiker op een site of over verschillende sites te volgen voor soortgelijke marketingdoeleinden.
Beheer opties Beheer diensten Beheer {vendor_count} leveranciers Lees meer over deze doeleinden
Bekijk voorkeuren
{title} {title} {title}