De provinsje stimulearret it fak Frysk mei it projekt Taalplan Frysk en biedt skoallen stipe foar neiskoalling, lesmetoaden en ûnderwiisbegelieding.

Foarskoalsk

Gemeenten kinne kwaliteitseasken stelle oan de lieding fan bernedeiferbliuwen op it mêd fan it Frysk. Yn hast alle gemeenten wurdt it Frysk of meartaligens stimulearre op de pjutteboartersplakken. Bygelyks troch diel te nimmen oan it Tomke-projekt of de ferbining te sykjen mei it SFBO foar twatalige berne-opfang.  

SFBO

Meartaligens befoarderet de talige, sosjale en yntellektuele ûntwikkeling fan bern. It Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO) helpt liedsters yn it pjuttewurk en berne-opfang by it foarmjaan fan taalbelied en de praktyske útfiering dêrfan. By de opfangplakken wurdt in taalrike omjouwing kreëarre foar de bern en wurdt konsekwint mei de talen omgien: ien-persoan-ien-taal. Fansels wurde âlders dêrby belutsen. As it belied yn oarder is, komme de organisaasjes yn oanmerking foar in sertifikaat en in subsydzje fan de provinsje Fryslân. Mear witte oer meartalige pjutteboartersplakken en berne-opfang en de mooglikheden dy’t it SFBO biedt? Gean nei www.sfbo.nl.

Tomke

Tomke is it Fryske foarlês- en taalstimulearringsprojekt dat de Frysktalige lêskultuer befoarderet om sa de taalûntwikkeling en it lêsgedrach fan bern te stimulearjen. It Tomke-projekt makket dêrfoar materialen en biedt in rige fan aktiviteiten oan, sawol rjochte op jonge bern as op (oankommende) âlders en ynstellingen dy’t harren mei dy groep dwaande hâlde. De ‘doch mear mei Tomke’-map jout suggestjes foar aktiviteiten oan professionals, sadat sy op in ienfâldige wize mei de bern mei it Frysk oan de slach kinne. Ek digitaal is der in hiel soad Tomke-materiaal beskikber yn de Tomketeek. Mear witte? Sjoch op www.tomke.frl.

Taal yn belied VVE

Gemeenten kinne yn harren belied foar de VVE omtinken jaan oan taalbefoardering yn it Frysk.

Gemeenten meitsje ôfspraken mei oanbieders fan VVE, ek dêryn kinne ôfspraken opnaam wurde oer bygelyks it beskikber stellen fan meartalige pjutteplakken en berneopfang. De gemeente Achtkarspelen hat hjir al ûnderfining mei.

Primêr ûnderwiis

Alle skoallen yn it Fryske taalgebiet binne ferplicht om kearndoelen foar it Frysk te beheljen. De gemeenten hawwe hjir formeel gjin taak om dy doelstellingen te beheljen. Wol kinne de gemeenten it primêr ûnderwiis stimulearje en fasilitearje om mear Frysk te brûken op skoalle.

Foarbyld gemeente Achtkarspelen

De gemeente Achtkarspelen hat yn gearwurking mei de provinsje in ynformaasjebyienkomst organisearre oer meartaligens yn it ûnderwiis. De gemeente hat troch dy byienkomst de skoallen en de stypjende organisaasjes oaninoar ferbûn.

Foarbyld gemeente Opsterlân

De gemeente Opsterlân hat foar alle skoallen yn syn gemeente in lêskoffer fan de Berneboeke-ambassadeur oanskaft. De berneboeke-ambassadeur giet ek by alle skoallen yn de gemeente del om workshops te jaan om de lêsfeardigens en de lêswille te fergrutsjen.

Foarbyld gemeente Noardeast-Fryslân

De gemeente Noardeast-Fryslân jout elk jier in Frysk boek oan skoalbern yn groep 5. Mei dizze aksje wol de gemeente it Frysk lêzen befoarderje.

Taalbelied op skoalle

De provinsje en it Ryk stimulearje de Fryske basisskoallen om op it mêd fan Frysk, Nederlânsk en eventueel Ingelsk ta in yntegraal taalbelied te kommen. Yn it taalbelied jouwe skoallen oan wat de taalsituaasje fan de learlingen is en hoefier’t se mei de learlingen komme wolle as it giet om it berikken fan de kearndoelen.

Gemeenten kinne basisskoallen oantrúnje om in taalbeliedsplan op te stellen en dêryn omtinken te jaan oan it Frysk.

De adviseurs meartaligens fan Cedin begeliede skoallen by it ûntwikkeltrajekt nei in taalbeliedsplan. Sjoch foar mear ynformaasje op www.cedincentrummeertaligheid.nl.

Spoar 8

Spoar 8 is de lesmetoade foar de Fryske taal yn it basisûnderwiis. Yn in digitale learomjouwing leare bern op in tematyske wize Frysk ferstean, praten, lêzen en skriuwen. Altyd yn funksjonele taalsituaasjes, want taal kriget pas betsjutting op de mominten datst bygelyks wat útlizze silst of it paad freegje wolst. Sjoch foar mear ynformaasje op spoar8.frl.

Grip biedt in ferskaat oan evaluaasjeynstruminten, dy’t learkrêften neist Spoar 8 brûke kinne om de Fryske taalûntwikkeling te folgjen. It referinsjeramt Frysk (rrF) is dêrby it útgongspunt.

Fuortset ûnderwiis

Skoallen yn it fuortset ûnderwiis kinne beslute oft se it Frysk as fak jouwe of as fiertaal brûke. Gemeenten kinne skoallen stypje om trijetalige skoalle te wurden of om lesmateriaal te fasilitearjen. Ek kinne gemeenten de skoalle stypje om it Frysk as eksamenfak oan te bieden. Sjoch foar mear ynformaasje oer it Frysk yn it fuortset ûnderwiis op www.cedincentrummeertaligheid.nl.

Searje 36

Searje 36 is de digitale lesmetoade Frysk foar it fuortset ûnderwiis, ûntwikkele troch de Afûk mei help fan Cedin en dosinten Frysk. It is in digitalisearring fan de papieren metoade Freemwurk, oanfolle mei it tydskrift LinKk, de kanon fan de Fryske skiednis, SkoalTV en edukative taalgames. Sjoch foar mear ynformaasje op searje36.frl.

LinKk

LinKk is in folslein Frysktalich tydskrift dat seis kear jiers ferskynt foar jongeren tusken de 12 en 14 jier. It kin as selsstannich tydskrift lêzen wurde, mar ek brûkt wurde by it fak Frysk. LinKk slút oan op dingen dy’t spylje by de jongerein en der is fansels romte foar eigen ynbring fan de lêzers. Sjoch foar mear ynformaasje op linkk.tv.

Folwoekseneûnderwiis

Rûnom yn de provinsje wurde kursussen Frysk oanbean: ferstean, praten, lêzen, skriuwen of skiednis en literatuer. Der is in breed oanbod oan taalkursussen Frysk. Gemeenten meitsje it mei mooglik om de kursussen leechdrompelich oan te bieden troch finansjele stipe te jaan. In part fan de kursussen wurdt fysyk oanbean en in part is digitaal te folgjen fia eduFrysk. Sjoch foar mear ynformaasje en it folsleine oanbod op kursus.afuk.frl.