It Stipepunt fan de Afûk advisearret gemeenten oer it taalbelied en de útfiering dêrfan en fasilitearret mei it platfoarm Gemeenten en Frysk de ûnderlinge útwikseling en gearwurking tusken gemeenten en oare bestjoersorganen.
Europeeske regeljouwing
It Europeesk Hânfêst foar regionale en minderheidstalen is in unyk ferdrach tusken de steaten dy’t akkoarte hawwe om te wurkjen oan in takomst dy’t geunstich is foar talen. De delgong fan in taal kin keard en sels omkeard wurde, sa’t goede foarbylden yn ferskate lannen sjen litte.
Lidsteaten dy’t harren oanslute by it Hânfêst steane foar de beskerming en promoasje fan de regionale en minderheidstalen, om sa it kultureel erfgoed en de kulturele diversiteit te behâlden en te befoarderjen. Nederlân hat yn 1998 it Hânfêst ûndertekene, ûnder oaren foar it behâld en it befoarderjen fan it Frysk.
Elke fjouwer jier komt der in Committee of Experts nei Nederlân om te sjen hoe’t de ôfspraken neilibbe wurde. De rapporten dy’t dêroer skreaun wurde, binne hjir te finen.
NPLD
De provinsje Fryslân is lid fan it Europeeske minderheidstalenetwurk NPLD (network to promote linguistic diversity). Dat Europeesk netwurk hat as doel om op Europeesk nivo bewustwêzen te kreëarjen oer it belang fan taaldiversiteit. Dêrneist fasilitearret it NPLD de útwikseling fan best practices ûnder oerheden, beliedsmakkers, ûndersikers en eksperts út hiel Europa.
Foar mear ynformaasje oer it NPLD, sjoch hjir.
Ryksoerheid
De Ryksoerheid hat him yn 1998 konformearre oan it Europeesk Hânfêst foar regionale en minderheidstalen. De Ryksoerheid hat oanjûn de ferplichting op him te nimmen om de Fryske taal te beskermjen en te befoarderjen. Dat is útwurke yn ûndersteande wet- en regeljouwing.
Wet gebrûk Fryske taal
Yn 2014 is de Wet gebrûk Fryske taal yngien. Dy wet beskermet en befoarderet it brûken fan it Frysk yn kontakt mei bestjoersorganen en de rjochtspraak yn Fryslân.
Dêrneist regelet de wet de oanstelling fan it Orgaan foar de Fryske taal, DINGtiid. DINGtiid advisearret en rapportearret oan bestjoersorganen (lykas ministearjes, provinsje en Fryske gemeenten) en rjochterlike ynstânsjes en sjocht ta op de juste ynfolling fan it Ramtferdrach oangeande de beskerming fan nasjonale minderheden, en op it Europeesk Hânfêst foar regionale talen en talen fan minderheden. Foar mear ynformaasje sjoch op de website fan DINGtiid.
Fierders leit de wet de desintrale oerheden yn Fryslân op om regels en in beliedsplan op te stellen foar it brûken fan de Fryske taal. Sjoch hjir foar de folsleine tekst fan de Wet gebrûk Fryske taal.
Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer (BFTK)
De Ryksoerheid makket om de fiif jier ôfspraken mei de provinsje Fryslân oer it behâld en it befoarderjen fan it Frysk. De ôfspraken wurde makke op ferskate beliedsterreinen, lykas ûnderwiis, bestjoerlike autoriteiten, media, kulturele aktiviteiten, ekonomysk en sosjaal libben. Dêr binne meardere ministearjes by belutsen.
De ôfspraken dy’t makke binne yn de BFTK fine jo hjir.
Provinsje Fryslân
De provinsje Fryslân hat yn syn beliedsplan ‘Nij Poadium’ foar kultuer, taal, erfgoed en ûnderwiis ambysjes opnaam foar de perioade 2021 oant en mei 2024. De provinsje set yn op in bloeiend kultureel libben dat soarget foar beweging yn de Fryske mienskip.
Yn it beliedsplan binne fiif programmalinen útwurke. Grut & Grutsk rjochtet him op kulturele produksjes dy’t passe binnen LF2028. Ynnovaasje & eksperimint moatte fernijende inisjativen opsmite dy’t in bydrage leverje oan maatskiplike fraachstikken. Kultuer en keunst moat berikber wurde foar elkenien mei de programmaline Kultuer yn ’e mienskip. Taal & identiteit moat in ympuls jaan oan it fertellen fan ferhalen yn Fryslân. Mei de programmaline Ferhaal fan Fryslân moat erfgoed en kultuer mei-inoar ferbûn wurde.
Foar it folsleine beliedsplan, klik hjir.