Gemeenten en Frysk Gemeenten en Frysk
  • Oer
  • Service
  • Contact
  • Ramt
  • Undersiken
  • Underwerpen
  • Helpmiddels
  • Ramt
  • Undersiken
  • Underwerpen
  • Helpmiddels
  • Oer
  • Service
  • Contact

Underwerpen

Alle Fryske gemeenten dy’t ûnder de Wet gebrûk Fryske Taal falle, hawwe in taalbeliedsplan en taalferoardering opsteld. De wize wêrop’t de gemeenten omgeane mei it brûken fan it Frysk en de steds- en streektalen ferskilt per gemeente.

Gemeentlike organisaasje

Alle Fryske gemeenten dy’t ûnder de Wet gebrûk Fryske Taal falle, hawwe in taalbeliedsplan en taalferoardering opsteld.

Underwiis

Skoallen fasilitearje en stimulearje om it ûnderwiis yn it Frysk foarm te jaan is in taak dy’t de gemeente goed past.

Media en kultuer

Gemeenten kinne organisaasjes dy't wichtich binne foar it foarmjaan fan it kultureel belied en de kulturele identiteit fan de gemeente, op ferskate wizen stypje en fasilitearje.

Sosjaal domein

As opdrachtjouwer en útfierder fan soarch en stipe yn it sosjaal domein hat de gemeente in grutte taak. Yn it kontakt mei de boarger is taal fan wêzentlik belang.

Steds- en streektalen

Yn Fryslân wurde neist it Frysk en it Nederlânsk ferskate steds- en streektalen sprutsen. Gemeenten hawwe neist omtinken foar it Frysk ek omtinken foar de steds- en streektalen dy’t yn harren gemeente praat wurde.

Ryksútfierings- organisaasjes

It brûken fan de memmetaal helpt om it kontakt mei klanten te fersterkjen. Neist dat it wetlik fêstlein is, hat it foaral foardielen yn de tsjinstferliening oan klanten. Elke organisaasje kin dêr syn foardiel mei dwaan.

BABS

Spesjaal foar BABSen yn Fryslân hawwe wy digitale boustiennen beskikber foar in houlik yn it Frysk. Boustiennen mei sawol de formele teksten mar ek mei gedichten en siswizen yn it Frysk.

Wy helpe jo graach!

Wy stean foar jo klear mei stipe en advys by it opstellen en útfieren fan taalbelied en al jo taalfragen. Nim frijbliuwend kontakt mei ús op om te hearren wat wy foar jo betsjutte kinne.

Afuk