Taalsurvey en taalatlassen

Taalsurvey ‘Taal yn Fryslân: de folgjende generaasje’

Yn 2018 is de lêste taalsurvey foar it Frysk publisearre. Dy taalsurvey ‘Taal yn Fryslân: de folgjende generaasje’ jout in breed oersjoch fan de taalbehearsking en it deistich gebrûk fan de taal yn Fryslân.

De Fryske taalatlas

De Fryske taalatlas jout in oersjoch fan de taalbehearsking yn Fryslân. It ûndersyk is útfierd troch de provinsje en is de tredde yn in rige fan taalatlassen.

Frysk op social media

Gemeenten kommunisearje hieltyd mear mei harren boargers fia sosjale media. It Nederlânsk wurdt it meast brûkt, mar by in oantal gemeenten wurdt ek regelmjittich yn it Frysk kommunisearre. De ôfrûne jierren is der by de Fryske Akademy troch dr. Lysbeth Jongbloed-Faber ûndersyk dien nei it brûken fan it Frysk op social media.

Streektaalatlas

Neist it Frysk en Nederlânsk wurde der yn de provinsje Fryslân ferskate streektalen sprutsen. It Nedersaksyske dialekt yn it súdeasten fan de provinsje en it Biltsk yn it noardwesten bygelyks. Fierder wurdt yn hast alle stêden fan de provinsje it Stedfrysk sprutsen. De Provinsje Fryslân hat yn 2014 ûndersyk dien nei de aktuele stân fan saken oangeande de behearsking en it gebrûk fan de streektalen yn Fryslân.

Kontaktfariëteiten Frysk-Nederlânsk

De Fryske Akademy hat yn opdracht fan de Taalunie in ûndersyk (2019) útfierd nei de taalkundige posysje en it funksjonearjen fan de saneamde kontaktfariëteiten Frysk-Nederlânsk yn Fryslân. It rapport fan ’e Fryske Akademy (2019) jout ûnder oaren in beskriuwing fan de kontaktfariëteiten yn Fryslân en in oersjoch fan de brûkers, besteande boarnen en basismaterialen én fan partijen en organisaasjes dy’t mei kontaktfariëteiten oan ’e gong binne. Dêrnjonken jout it rapport in oanset ta in earste dokumintaasje-, ûndersyks- en ûntwikkelingswurklist.

Undersyk troch gemeenten

Gemeenten litte regelmjittich ûndersyk útfiere nei de steat fan it Frysk yn harren gemeente en de winsken fan de boargers en organisaasjes as it om it brûken fan it Frysk giet.

Undersyk nei ferwachtingen fan ynwenners oangeande taalbelied

De gemeente Ljouwert hat yn 2019 ûndersyk dwaan litten troch Partoer nei de ferwachtingen fan ynwenners oangeande it brûken fan it Frysk troch de gemeente. It ûndersyk is brûkt om it taalbelied fan de gemeente goed oanslute te litten op de winsken fan de ynwenners. Foar mear ynformaasje, nim kontakt op mei: Femke Woudenberg, beliedsamtner Frysk gemeente Ljouwert.

Winsken foar it brûken fan it Frysk

De gemeente Súdwest-Fryslân hat yn 2018 ûndersyk dien nei de winsken fan de ynwenners as it giet om it brûken fan de taal yn kontakt mei de gemeente en de takomst fan it Frysk. De resultaten fan it ûndersyk wurde brûkt foar it nije taalbeliedsplan fan de gemeente. Ynformaasje oer it ûndersyk is op te freegjen by de beliedsamtner Frysk fan de gemeente Súdwest-Fryslân.

Wannear brûke jo jo memmetaal?

De gemeente Waadhoeke lit yn 2020 ûndersyk dwaan nei it brûken fan de memmetaal. Wannear brûke ynwenners dy wol en wannear net. Studinten fan de NHL Stenden Hegeskoalle fiere it ûndersyk út. Mei de resultaten fan it ûndersyk wol de gemeente eventuele drompels fuorthelje, om sa it brûken fan de eigen taal te stimulearjen. Mear ynformaasje: taalamtner Frysk gemeente Waadhoeke.