Oer
Frysk by de oerheid is in projekt dat de Afûk útfiert yn opdracht fan de provinsje Fryslân. Fanút it projekt Frysk by de oerheid biede wy in platfoarm foar ynformaasje, ynspiraasje en útwikseling, mei as doel it behâld en it befoarderjen fan it Frysk by gemeenten en oare oerheden.
Fanút it platfoarm Frysk by de oerheid wurde der jierliks trije gearkomsten organisearre foar amtners dy’t harren by de oerheid dwaande hâlde mei taalbelied en de útfiering dêrfan.
De Afûk biedt stipe oan gemeenten en oerheden by it opstellen en útfieren fan taalbelied en by alle oare taalfragen dy’t dêr spylje.
Foar mear ynformaasje oer de Afûk sjoch op afuk.frl.