Yn de taalbeliedsplannen komme de ûnderwerpen út it Europeesk Hânfêst foar regionale en minderheidstalen werom: bestjoer, ûnderwiis, kultuer, media, sosjaal en ekonomysk libben en sûnenssoarch. Elke gemeentlike organisaasje giet op syn eigen wize om mei taal yn de kommunikaasje mei meiwurkers en boargers.

Bestjoer

It kolleezje fan Boargemaster en Wethâlders is it meast sichtber yn de gemeente. Sawol yntern as ekstern hawwe sy in wichtige foarbyldfunksje. It kolleezje kin yn taspraken en yn uteringen yn parse en sosjale media in ambassadeur wêze foar de eigen taal.

Yn gemeenteriedsgearkomsten wurdt it Frysk, mar ek de steds- en streektalen, faak brûkt. In protte gearkomsten binne meartalich.

Taalbelied

Alle Fryske gemeenten dy’t ûnder de Wet gebrûk Fryske Taal falle, hawwe in taalbeliedsplan en taalferoardering opsteld. De wize wêrop’t de gemeenten omgeane mei it brûken fan it Frysk en de steds- en streektalen ferskilt per gemeente. Dat is foar in part ôfhinklik fan hoefolle de taal brûkt wurdt yn de gemeente.

Yn de taalbeliedsplannen komme de ûnderwerpen út it Europeesk Hânfêst foar regionale en minderheidstalen werom: bestjoer, ûnderwiis, kultuer, media, sosjaal en ekonomysk libben en sûnenssoarch.

Elke gemeentlike organisaasje giet op syn eigen wize om mei taal yn de kommunikaasje mei meiwurkers en boargers. Mar gemeenten kinne elkoar wol ynspirearje en gearwurkje wêr’t dat mooglik is.

Frysk yn de ynterne organisaasje

It Frysk wurdt op alle gemeentehuzen yn Fryslân brûkt. As sprektaal yn ûnderling kontakt tusken meiwurkers, oan de baly mei boargers, mar ek yn brieven nei ynwenners en filmkes foar ûndernimmers.

De fiertaal tusken kollega’s is sawol Frysk as Nederlânsk. Dêrby docht wol bliken dat wannear’t der ien by is dy’t de taal net praat, der oerskeakele wurdt nei it Nederlânsk. Faak is dat net nedich, omdat hast alle meiwurkers fan gemeenten it Frysk of de steds- en streektaal wol fersteane. Gemeenten kinne derfoar kieze om yn te setten op meartaligens yn de eigen organisaasje.

Foarbyld Gemeente Noardeast Fryslân

De gemeente Noardeast Fryslân set yn op it fergrutsjen fan de sichtberens fan it Frysk foar it eigen persoaniel. De gemeente hat yn de maitiid fan 2022 it persoanielsmagazine yn it Frysk útjûn mei ek omtinken foar de stedstaal it Dokkumers.

Persoanielsmagazine Gemeente Noardeast Fryslân

Foarbyld Gemeente Waadhoeke

De gemeente Waadhoeke profilearret him as meartalige gemeente. It Frysk, Nederlânsk, Bildts en Franekers wurde trochinoar brûkt. As sprektaal, mar ek as sichtbere taal yn skriftlike uteringen fan de gemeente. Elk wurdt útnûge om de eigen taal te praten. Om dat te befoarderjen set de gemeente yn op taalassertiviteit. Troch workshops en it befoarderjen fan taalbewustwêzen wurde meiwurkers stimulearre om harren eigen taal praten te bliuwen, ek wannear’t de gesprekspartner dy net praat.

Sjoch foar mear ynformaasje by it workshopoanbod.

Foarbyld Gemeente It Hearrenfean

De gemeente It Hearrenfean hat derfoar keazen om it ûnderwerp taal by meiwurkers ûnder de oandacht te bringen troch oan ’e hân fan it nije taalbelied mei de meiwurkers yn petear te gean. Mei harren is bepraat wat taal foar harren betsjut, foar harsels, foar it kontakt mei oaren en foar it wurk. It resultaat wie dat meiwurkers harren bewust waarden fan it belang fan it brûken fan de eigen taal en se mear respekt krigen foar inoars taal, en dat it nije taalbelied breed droegen wurdt yn de eigen organisaasje. Mear witte oer de oanpak? Nim kontakt op.

Kommunikaasje mei boargers

Gemeenten kommunisearje op ferskate manieren mei boargers. Troch mûnlinge ynformaasje yn taspraken, filmkes of by de baly, digitaal fia website, sosjale media of de chat en op papier troch brieven en advertinsjes. By al dy foarmen fan kommunikaasje betsjut dat dat derfoar keazen wurde kin om dat yn it Nederlânsk te dwaan, of yn it Frysk, of yn in steds- of streektaal, of meartalich. Fansels is de taalkar ôfhinklik fan it boadskip, de doelgroep en it middel dat je brûke.

Foarbyld Meartalige website

De gemeente Ljouwert hat de kar makke foar in Fryske website neist de Nederlânske website. Ut de sifers docht wol bliken dat dy Fryske site net folle brûkt wurdt. Wêr’t ek foar keazen wurde kin om de meartaligens yn de gemeente sjen te litten, is om it Frysk in plak te jaan op de Nederlânsktalige site. Bygelyks troch titels, sitaten of oare koarte teksten yn it Frysk op te nimmen op de site. In foarbyld dêrfan is de website fan de gemeente Súdwest-Fryslân.

Foarbyld Social media

Gemeenten kieze by de uteringen op sosjale media it faakst foar it Nederlânsk. Ofhinklik fan de doelgroep en it boadskip wurdt it Frysk of de steds- of streektaal ek wol brûkt. De gemeente Súdwest-Fryslân kiest faak foar twatalige berjochten. In part fan de boargemasters en wethâlders brûkt it Frysk ek yn harren sosjale media-uteringen.

Foarbyld Telefoantaal

Ut ûndersyk docht bliken dat wannear’t je begjinne yn in bepaalde taal, de oare yn deselde taal antwurdet wannear’t sy of hy dy behearsket. Dat betsjut dat wannear’t de telefoan by de gemeente opnaam wurdt yn it Frysk, de Frysktalige dy taal ek weromprate sil. By de measte gemeenten wurdt de telefoan yn earste ynstânsje beäntwurde troch in antwurdapparaat mei in karmenu. Troch in kar te meitsjen wurdt men trochskeakele. De gemeente kin derfoar kieze om dêr al in kar te meitsjen foar it Frysk. In tuskenoplossing kin wêze om bygelyks de begroeting yn it Frysk te dwaan.

Taalhelpmiddels

Elkenien kin Frysk skriuwe. Der binne helpmiddels genôch om minsken te stypjen. In staveringshifker foar Word, in Frysk toetseboerd foar de telefoan, in online-wurdboek of in oersethelp binne foar elkenien beskikber. Op de website taalhelp.frl binne al dy helpmiddels oersichtlik byinoar brocht.

Frysker

Fynst it belangryk om de taal fan dyn klanten te praten en te skriuwen, mar kinst by it Frysk wol in bytsje help brûke? Kom yn ‘e kunde mei Frysker.nl, it fergeze platfoarm mei handige digitale taalhelpmiddels. Besjoch it filmke foar in rûnlieding yn in heale minút, en set Frysker.nl yn de favoriten fan dyn browser sadatst altyd dyn eigen Fryske taalhelp by de hân hast!

Readspeaker

‘Tekst nei spraak’-software wurdt as helpmiddel brûkt foar minsken dy’t problemen hawwe mei lêzen troch in fisuele handicap. Readspeaker biedt de mooglikheid om de tekst op websites yn it Frysk foar te lêzen. Foar in part fan de publike sektor kin dy Fryske ferzje fergees brûkt wurde. Nim foar mear ynformaasje kontakt op.

Kursussen en workshops

Fan gemeente-amtners wurdt ferwachte dat sy it Frysk op syn minst passyf behearskje. Foar in oantal funksjes wurdt ek in aktive behearsking ferwachte. Alle gemeenten stelle harren meiwurkers yn de gelegenheid om in kursus Frysk skriuwen, ferstean of praten te folgjen. Dy kursussen wurde faak yntern holden. Foar mear ynformaasje oer it kursusoanbod en in oanbod op maat, sjoch op de kursuswebsite.

Workshop taalbewustwêzen

Taal is fan ynfloed op de kwaliteit fan de tsjinstferliening. Oandacht foar de memmetaal helpt om it boadskip goed oer te bringen. It stelt minsken op har gemak en kin it ûnderlinge fertrouwen fergrutsje. Boppedat helpt it minsken om it eigen ferhaal goed ûnder wurden te bringen. De professional is bepalend yn de taal dy’t ûnderling sprutsen wurdt.

Yn de workshop taalbewustwêzen geane de dielnimmers mei-inoar yn petear oer wat taal foar je betsjut. Watfoar taal brûkst yn hokker situaasje en wêrom? Mei-inoar ûndersykje de dielnimmers de wearde fan taal en tinke se nei oer hoe’t sy taal yn harren wurk ynsette kinne om de tsjinstferliening te ferbetterjen.

Nim foar mear ynformaasje en planning kontakt op.

Taalpsychology

De training giet oer ‘taalgedrach en -gewoantes’ en is in kombinaasje is fan teory en praktyk. In ‘oars as oars’ trening, foar elk dy’t nijsgjirrich is nei de kant fan taal dêrst net by stil stietst.

De teory giet oer de psychology achter taal, oer taalgedrach en switche as gewoante. Sa krijst mear ynsjoch yn dyn eigen taalgedrach en dyn eigen gewoantes. Gewoantes kinst feroarje, ast dat wolst. Dêr geane we mei oan de slach. Dêrby is der romte foar dyn spesifike sitewaasje en dyn ferhaal

Mear witte? Nim kontakt op.