De lokale media wurde foar in part stipe troch de gemeenten. De gemeenten kinne prestaasjeôfspraken mei harren meitsje oer it brûken fan it Frysk yn dy media of harren fasilitearje troch bygelyks in kursus oan te bieden.

Gemeente as ambassadeur

De gemeente kin oare organisaasjes dy’t oan him ferbûn binne stimulearje om de Fryske taal te brûken. Dat kin ynformeel mar ek formeel, troch bygelyks ôfspraken dy’t makke wurde mei organisaasjes dy’t troch de gemeente subsidiearre wurde, fêst te lizzen. De gemeente kin sels ambassadeur wêze foar it Frysk troch de taal aktyf te brûken en sjen te litten, mar ek troch yn de petearen mei kulturele organisaasjes it bewustwêzen te fergrutsjen troch te freegjen nei wat se mei taal dogge. Meitsje it ta in fêst ûnderwerp fan de petearen en oerlizzen dy’t plakfine.

Foarbyld gemeente Waadhoeke

De gemeente Waadhoeke hat yn syn jierlikse petearen mei kulturele organisaasjes it brûken fan de ferskate talen yn de gemeente opnaam yn it listje ûnderwerpen. Dêrneist is yn de gemeente de ôfspraak makke dat alle kultueredukaasje yn it Frysk oanbean wurdt.

Oare minderheidstalen

Der binne troch hiel Europa in protte regio’s dêr’t krekt as yn Fryslân meardere talen sprutsen wurde. Fan dy regio’s is in soad te learen. Utwikseling fynt plak yn netwurken lykas it NPLD, dêr’t ferskate Fryske organisaasjes lid fan binne.

Foarbyld City of Literature

Ljouwert hat sûnt 2019 de titel UNESCO City of Literature krigen en dêrmei meitsje de stêd én de provinsje Fryslân diel út fan in grut netwurk fan stêden dy’t harren ynsette foar in sterk en meartalich literêr klimaat. Sjoch op www.leeuwardencityofliterature.nl foar mear ynformaasje.