Wolle jo witte hoe’t jo taal in plak jaan kinne yn it WMO-belied of hokker middels ynset wurde kinne om it brûken fan de memmetaal te stimulearjen, sjoch dan op www.friesindezorg.frl of nim kontakt op.
Taal yn it WMO-belied
Ferskate gemeenten yn Fryslân − bygelyks Smellingerlân en Ljouwert − hawwe yn harren WMO belied opnaam dat sy wolle dat ynwenners sa folle mooglik harren eigen taal prate kinne. Foar de eigen meiwurkers betsjut dat dat dy de taal op syn minst ferstean kinne moatte.
Yn ôfspraken mei de organisaasjes dy’t foar harren it wurk útfiere binne dan ek ôfspraken makke oer de taal wêryn’t boargers in berop dwaan kinne op stipe en soarch. Der wurdt fan de organisaasjes frege dat sy de soarchfreger de mooglikheid jouwe om it Frysk te brûken.
Gemeenten kinne ek noch in stapke fierder gean en minsken bewust útnûgje om de eigen taal te praten. It brûken fan de taal kin fan ynfloed wêze op de kwaliteit fan de helpferliening. Dit útnûgjen kinne gemeenten dwaan troch de taal sichtber te meitsjen yn de oanmeldingsproseduere en op de lokaasje, mar ek troch yn it earste kontakt sels de taal te brûken en minsken te befreegjen op harren foarkarstaal.
Ynformaasjekampanje Frysk yn it sosjaal domein
Yn gearwurking mei it projekt Frysk yn ’e soarch fan de Afûk, soarchorganisaasjes en gemeenten, set yn septimber 2020 de ynformaasjekampanje Frysk yn it sosjaal domein útein.
Mei de kampanje wurde professionals yn de soarch ynformearre oer it belang fan taal en útnûge om sels bewust mei de taal oan de slach te gean. Troch ferhalen fan professionals yn de soarch, dúdlike tips, workshops en kursusoanbod wurde professionals breed ynformearre en aktivearre. Wolle jo meidwaan of mear witte, nim kontakt op.
Taalbewustwêzen by de sosjale teams
Taal kin fan ynfloed wêze op de kwaliteit fan de tsjinstferliening. Troch yn te setten op de taal dy’t de boarger praat, kinst better opinoar oanslute én it fersterket de fertrouwensbân. Dat bewust ynsetten fan de taal is foar de ien hiel gewoan, mar in oar docht dat noch net.
Yn de workshop taalbewustwêzen leare professionals oer harren eigen hâlding tsjin de taal oer, leare se watfoar ynfloed oft dy eigen taal ha kin en krije se hânfetten foar hoe’t se taal ynsette kinne.