Foarbylden
Rûnom yn de provinsje binne der foarbylden fan ferieningen en organisaasjes dy’t harren dwaande hâlde mei it behâld en befoarderjen fan de sted- en streektalen.
Ut genoatskap foar ut gebrúk fan ut Dokkumers set him yn om it Dokkumers mear sichtber te meitsjen, aktyf te brûken en fêst te lizzen. Dat docht it ûnder oaren troch proaza en poëzy te publisearjen en te wurkjen oan in wurdboek fan it Dokkumers. Ut genoatskap wurdt stipe troch de gemeente Noardeast-Fryslân.
Ut genoatskap foar ut behoud fan ut Franekers set him yn om it Franekers te behâlden en te befoarderjen. De groep wurket oan in Franeker wurdboek en set yn op bewustwurding en gebrûk fan de stedstaal, bygelyks troch by winkellju yn de stêd balybuordsjes te fersprieden wêrmei’t klanten útnûge wurde om de taal te brûken. De gemeente Waadhoeke stipet Ut genoatskap mei in finansjele bydrage.
Op it Bilt binne ferskate organisaasjes aktyf om it Biltsk te behâlden en te befoarderjen. De stichting Bildts Aigene organisearret de Biltske taalles en beheart it dokumintaasjesintrum. De kemissy Meertalighyd ûntwikkelt Biltske en meartalige lesprogramma’s foar it ûnderwiis. De gemeente Waadhoeke stipet dy organisaasjes en brûkt de taal aktyf yn syn media-uteringen en kontakt mei ynwenners.
Yn de gemeenten Ooststellingwerf en Weststellingwerf wurdt it Stellingwarfs praat. Dizze Nedersaksyske taal libbet bot yn dy regio. De gemeenten stimulearje it brûken fan de taal ûnder oaren troch subsydzjes te jaan foar taalprojekten yn it ûnderwiis en kultuer. De Stichting Stellingwarver Schrieversronte hâldt him al jierren dwaande mei in ferskaat oan aktiviteiten yn de streektaal.
It Stellingwarfs is ien fan de Nedersaksyske talen. Dizze talen wurde praat yn in grut part fan noard en east Nederlân. Mear ynformaasje oer it Nedersaksysk is te finen op www.nedersaksisch.com.