Taal yn it WMO-belied
Ferskate gemeenten yn Fryslân − bygelyks Smellingerlân en Ljouwert − hawwe yn harren WMO belied opnaam dat sy wolle dat ynwenners sa folle mooglik harren eigen taal prate kinne. Foar de eigen meiwurkers betsjut dat dat dy de taal op syn minst ferstean kinne moatte.
Yn ôfspraken mei de organisaasjes dy’t foar harren it wurk útfiere binne dan ek ôfspraken makke oer de taal wêryn’t boargers in berop dwaan kinne op stipe en soarch. Der wurdt fan de organisaasjes frege dat sy de soarchfreger de mooglikheid jouwe om it Frysk te brûken.
Gemeenten kinne ek noch in stapke fierder gean en minsken bewust útnûgje om de eigen taal te praten. It brûken fan de taal kin fan ynfloed wêze op de kwaliteit fan de helpferliening. Dit útnûgjen kinne gemeenten dwaan troch de taal sichtber te meitsjen yn de oanmeldingsproseduere en op de lokaasje, mar ek troch yn it earste kontakt sels de taal te brûken en minsken te befreegjen op harren foarkarstaal.