Gemeente as ambassadeur
De gemeente kin oare organisaasjes dy’t oan him ferbûn binne stimulearje om de Fryske taal te brûken. Dat kin ynformeel mar ek formeel, troch bygelyks ôfspraken dy’t makke wurde mei organisaasjes dy’t troch de gemeente subsidiearre wurde, fêst te lizzen. De gemeente kin sels ambassadeur wêze foar it Frysk troch de taal aktyf te brûken en sjen te litten, mar ek troch yn de petearen mei kulturele organisaasjes it bewustwêzen te fergrutsjen troch te freegjen nei wat se mei taal dogge. Meitsje it ta in fêst ûnderwerp fan de petearen en oerlizzen dy’t plakfine.