Frysker
Fynst it belangryk om de taal fan dyn klanten te praten en te skriuwen, mar kinst by it Frysk wol in bytsje help brûke? Kom yn ‘e kunde mei Frysker.nl, it fergeze platfoarm mei handige digitale taalhelpmiddels. Besjoch it filmke foar in rûnlieding yn in heale minút, en set Frysker.nl yn de favoriten fan dyn browser sadatst altyd dyn eigen Fryske taalhelp by de hân hast!
Readspeaker
‘Tekst nei spraak’-software wurdt as helpmiddel brûkt foar minsken dy’t problemen hawwe mei lêzen troch in fisuele handicap. Readspeaker biedt de mooglikheid om de tekst op websites yn it Frysk foar te lêzen. Foar in part fan de publike sektor kin dy Fryske ferzje fergees brûkt wurde. Nim foar mear ynformaasje kontakt op.