Yn de taalbeliedsplannen komme de ûnderwerpen út it Europeesk Hânfêst foar regionale en minderheidstalen werom: bestjoer, ûnderwiis, kultuer, media, sosjaal en ekonomysk libben en sûnenssoarch.
Elke gemeentlike organisaasje giet op syn eigen wize om mei taal yn de kommunikaasje mei meiwurkers en boargers. Mar gemeenten kinne elkoar wol ynspirearje en gearwurkje wêr’t dat mooglik is.