Workshop taalbewustwêzen

Taal is fan ynfloed op de kwaliteit fan de tsjinstferliening. Oandacht foar de memmetaal helpt om it boadskip goed oer te bringen. It stelt minsken op har gemak en kin it ûnderlinge fertrouwen fergrutsje. Boppedat helpt it minsken om it eigen ferhaal goed ûnder wurden te bringen. De professional is bepalend yn de taal dy’t ûnderling sprutsen wurdt.

Yn de workshop taalbewustwêzen geane de dielnimmers mei-inoar yn petear oer wat taal foar je betsjut. Watfoar taal brûkst yn hokker situaasje en wêrom? Mei-inoar ûndersykje de dielnimmers de wearde fan taal en tinke se nei oer hoe’t sy taal yn harren wurk ynsette kinne om de tsjinstferliening te ferbetterjen.

Nim foar mear ynformaasje en planning kontakt op.

Taalpsychology

De training giet oer ‘taalgedrach en -gewoantes’ en is in kombinaasje is fan teory en praktyk. In ‘oars as oars’ trening, foar elk dy’t nijsgjirrich is nei de kant fan taal dêrst net by stil stietst.

De teory giet oer de psychology achter taal, oer taalgedrach en switche as gewoante. Sa krijst mear ynsjoch yn dyn eigen taalgedrach en dyn eigen gewoantes. Gewoantes kinst feroarje, ast dat wolst. Dêr geane we mei oan de slach. Dêrby is der romte foar dyn spesifike sitewaasje en dyn ferhaal

Mear witte? Nim kontakt op.