Kommunikaasje mei boargers
Gemeenten kommunisearje op ferskate manieren mei boargers. Troch mûnlinge ynformaasje yn taspraken, filmkes of by de baly, digitaal fia website, sosjale media of de chat en op papier troch brieven en advertinsjes. By al dy foarmen fan kommunikaasje betsjut dat dat derfoar keazen wurde kin om dat yn it Nederlânsk te dwaan, of yn it Frysk, of yn in steds- of streektaal, of meartalich. Fansels is de taalkar ôfhinklik fan it boadskip, de doelgroep en it middel dat je brûke.
De gemeente Ljouwert hat de kar makke foar in Fryske website neist de Nederlânske website. Ut de sifers docht wol bliken dat dy Fryske site net folle brûkt wurdt. Wêr’t ek foar keazen wurde kin om de meartaligens yn de gemeente sjen te litten, is om it Frysk in plak te jaan op de Nederlânsktalige site. Bygelyks troch titels, sitaten of oare koarte teksten yn it Frysk op te nimmen op de site. In foarbyld dêrfan is de website fan de gemeente Súdwest-Fryslân.
Gemeenten kieze by de uteringen op sosjale media it faakst foar it Nederlânsk. Ofhinklik fan de doelgroep en it boadskip wurdt it Frysk of de steds- of streektaal ek wol brûkt. De gemeente Súdwest-Fryslân kiest faak foar twatalige berjochten. In part fan de boargemasters en wethâlders brûkt it Frysk ek yn harren sosjale media-uteringen.
Ut ûndersyk docht bliken dat wannear’t je begjinne yn in bepaalde taal, de oare yn deselde taal antwurdet wannear’t sy of hy dy behearsket. Dat betsjut dat wannear’t de telefoan by de gemeente opnaam wurdt yn it Frysk, de Frysktalige dy taal ek weromprate sil. By de measte gemeenten wurdt de telefoan yn earste ynstânsje beäntwurde troch in antwurdapparaat mei in karmenu. Troch in kar te meitsjen wurdt men trochskeakele. De gemeente kin derfoar kieze om dêr al in kar te meitsjen foar it Frysk. In tuskenoplossing kin wêze om bygelyks de begroeting yn it Frysk te dwaan.