De fiertaal tusken kollega’s is sawol Frysk as Nederlânsk. Dêrby docht wol bliken dat wannear’t der ien by is dy’t de taal net praat, der oerskeakele wurdt nei it Nederlânsk. Faak is dat net nedich, omdat hast alle meiwurkers fan gemeenten it Frysk of de steds- en streektaal wol fersteane. Gemeenten kinne derfoar kieze om yn te setten op meartaligens yn de eigen organisaasje.
Frysk yn de ynterne organisaasje
It Frysk wurdt op alle gemeentehuzen yn Fryslân brûkt. As sprektaal yn ûnderling kontakt tusken meiwurkers, oan de baly mei boargers, mar ek yn brieven nei ynwenners en filmkes foar ûndernimmers.