Bestjoer
It kolleezje fan Boargemaster en Wethâlders is it meast sichtber yn de gemeente. Sawol yntern as ekstern hawwe sy in wichtige foarbyldfunksje. It kolleezje kin yn taspraken en yn uteringen yn parse en sosjale media in ambassadeur wêze foar de eigen taal.
Yn gemeenteriedsgearkomsten wurdt it Frysk, mar ek de steds- en streektalen, faak brûkt. In protte gearkomsten binne meartalich.