Ryksoerheid
De Ryksoerheid hat him yn 1998 konformearre oan it Europeesk Hânfêst foar regionale en minderheidstalen. De Ryksoerheid hat oanjûn de ferplichting op him te nimmen om de Fryske taal te beskermjen en te befoarderjen. Dat is útwurke yn ûndersteande wet- en regeljouwing.
Wet gebrûk Fryske taal
Yn 2014 is de Wet gebrûk Fryske taal yngien. Dy wet beskermet en befoarderet it brûken fan it Frysk yn kontakt mei bestjoersorganen en de rjochtspraak yn Fryslân.
Dêrneist regelet de wet de oanstelling fan it Orgaan foar de Fryske taal, DINGtiid. DINGtiid advisearret en rapportearret oan bestjoersorganen (lykas ministearjes, provinsje en Fryske gemeenten) en rjochterlike ynstânsjes en sjocht ta op de juste ynfolling fan it Ramtferdrach oangeande de beskerming fan nasjonale minderheden, en op it Europeesk Hânfêst foar regionale talen en talen fan minderheden. Foar mear ynformaasje sjoch op de website fan DINGtiid.
Fierders leit de wet de desintrale oerheden yn Fryslân op om regels en in beliedsplan op te stellen foar it brûken fan de Fryske taal. Sjoch hjir foar de folsleine tekst fan de Wet gebrûk Fryske taal.
Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer (BFTK)
De Ryksoerheid makket om de fiif jier ôfspraken mei de provinsje Fryslân oer it behâld en it befoarderjen fan it Frysk. De ôfspraken wurde makke op ferskate beliedsterreinen, lykas ûnderwiis, bestjoerlike autoriteiten, media, kulturele aktiviteiten, ekonomysk en sosjaal libben. Dêr binne meardere ministearjes by belutsen.
De ôfspraken dy’t makke binne yn de BFTK fine jo hjir.