Nederlands
| Contact | Sitemap
 
Nije skoallen kinne oanheakje!
Netwurk Trijetalige Skoalle (3TS)

Yn it skoaljier 1997/1998 is it projekt ĎDe Trijetalige Skoalle' fan start gien. De resultaten fan it Nederl‚nsk op de trijetalige skoallen binne foarķtgien en sitte no op it nivo fan it lanlik gemiddelde. De resultaten fan it Frysk binne dķdlik better op Ďe trijetalige skoallen. Ek it Ingelsk hat foardiel h‚n fan dy oanpak, mar faaks is dÍr noch wol mear ķt te heljen (Żndersyk troch Fryske Akademy, Bernadet de Jager, 2006).

DÍrom woenen de projektskoallen graach fierder yn it Netwurk Trijetalige Skoallen. Yn it kursusjier 2006-2007 is it Netwurk Trijetalige Skoallen fan start gien. It is in gearwurkingsferb‚n fan skoallen dy't har ynsette wolle foar en profilearje wolle mei meartalich Żnderwiis.

Fanwegen syn ferantwurdlikens foar goed Żnderwiis en de spesjale ferantwurdlikens foar de Fryske taal ynvestearret de provinsje Frysl‚n de kommende jierren fiks yn it Netwurk Trijetalige Skoallen mei ekstra fasiliteiten op it mÍd fan begelieding, byskoalling, Żndersyk en profilearring. Ek gemeenten kinne hjirby in wichtige rol spylje mei it kreŽarjen fan in goed meartalich klimaat. Sa stiet meartaligens prominint op de wurklist fan it LEA-oerlis yn Dantumadiel en stimulearret Ljouwert aktyf de trijetalige skoalle yn har gemeente.

Sjoch foar mear ynformaasje op www.taalsintrumfrysk.nl of nim kontakt op mei CEDIN, tel. 088-0 200 300, info@taalsintrum.nl.