Nederlands
| Contact | Sitemap
 
Tomke

Tomke en syn hŻntsje Romke binne werkenbere figuerkes foar jonge bern. Mar tagelyk is Tomke mear. It Fryske Tomke-foarlÍs- en taalstimulearringsprojekt (sŻnt 1996) wol de Frysktalige lÍskultuer fan jonge bern befoarderje om sa de taalŻntwikkeling en it lÍsgedrach fan bern te stimulearjen, sawol yn it Frysk as yn it Nederl‚nsk. It Tomkeprojekt makket dÍrfoar materialen en biedt in rige fan aktiviteiten oan, sawol rjochte op jonge bern as op (oankommende) ‚lders en ynstellings dy't harren mei dy groep dwaande h‚lde.

Dat soarget der ek foar dat der neitocht wurdt oer it taalbelied op bernesintra. Foar elke pjut yn Frysl‚n is der jierliks in Tomke-temaboekje, de aventoerkes komme by Omrop Frysl‚n op 'e televyzje en troch betŻfte foarlÍzers wurdt ķt it Tomke-temaboekje foarlÍzen op sa'n 500 groepen op pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen. Fierders is Tomke bekend fan de Tomke-foarstellings, de Tomkewebside en fan de materialen yn de boekhannels. It Tomke-projekt soarget ek foar byskoalling oan liedsters troch in jierliks sympoasium mei wurkwinkels. Fierders wurdt der jierliks Tomke-materiaal makke spesjaal foar bernesintra, lykas lÍssuggestjes, taalspultsjes en praatplaten. De materialen en aktiviteiten slute oan by de Nederl‚nsktalige (VVE-) metoades en kinne as oanfolling brŻkt wurde om sa wurkje te kinnen oan de meartalige sitewaasje yn Frysl‚n.

Gemeenten en provinsje hawwe de opdracht om mei te wurkjen oan de totale Żntwikkeling fan it bern en it foarkommen fan efterstannen. Om it projekt provinsjebreed troch te setten wurdt oan de provinsje in basissubsydzje en oan gemeenten in bydrage frege.

Sjoch de online brosjuere en www.tomke.nl foar mear ynformaasje of nim kontakt op mei Carolien Hoekstra, tel. 058-234 30 70, c.hoekstra@afuk.nl.