Nederlands
| Contact | Sitemap
 
Primair Żnderwiis

Yn fyftjin fan de 21 gemeenten is it jaan fan Frysk as fak belied. Yn seis gemeenten is dat net it gefal. Dat betsjut lykwols net dat it Frysk net as fak jŻn wurdt yn dy gemeenten; de kar dÍrfoar wurdt oan de skoallen sels oerlitten. De gemeente Ljouwert jout spesifyk oan dat der yn 1989 in konvenant sletten is mei it Żnderwiis. SŻnt dy Űfspraak bemuoit de gemeente him ynh‚ldlik net mear mei it Żnderwiis.

Skoallen kinne it Frysk gewoan as fak jaan of it breder oanpakke. Sa kinne se bygelyks oanslute by it projekt 'De Trijetalige Skoalle'. Op in trijetalige skoalle wurdt yn it Frysk, Nederl‚nsk en Ingelsk les jŻn.

Ut Żndersyk docht bliken dat learlingen fan trijetalige skoallen op alle trije talen better skoarden as de trochsnee learling yn Frysl‚n. Hieltyd mear gemeenten stimulearje 'De Trijetalige Skoalle'. Ien fan dy gemeenten is Ljouwerteradiel; dÍr wurdt Żndersocht wat de mooglikheden binne foar in trijetalige skoalle yn ien fan de lytse doarpen.