in ynteraktyf helpmiddel foar gemeenten De Taalbeliedsmakker
It skriuwen fan in gemeentlik taalbeliedsplan nimt in soad tiid wêrtroch't foar de realisaasje faak net folle tiid oerbliuwt. Foar de taalbeliedsamtners yn Fryslân hat de Afûk en gearwurking mei in tal gemeenten dêrom Beliedsmakker ûntwikkele: in digitaal helpmiddel wêrmei't in gemeente op in ienfâldige wize besteand belied fêstlizze kin, mar ek sjen wêr't besteand belied ferbettere wurde kin en wêr't eventueel nij belied winsklik is. Ek by in gemeentlike weryndieling kin it helpmiddel tige gaadlik wêze om in saneamde nulmjitting te meitsjen en it besteande belied fan de oanbelangjende gemeenten te fergelykjen. ‘It idee foar Beliedsmakker ûnstie in goed jier lyn nei oanlieding fan in provinsjaal oerlis fan taalbeliedsamtners', sa fertelt Fokke Jagersma, projektkoördinator by de Afûk. ' De aard en omfang fan it taalbelied fan de ferskillende gemeenten yn Fryslân ûntrinne inoar nochal. In soad gemeenten hawwe lykwols ambysjeuze taalbeliedsplannen, mar dy binne faak dreech te realisearjen. Oan de iene kant leit dat oan de finansjele middelen, mar noch wichtiger is it gebrek oan tiid foar de realisaasje. Yn ferhâlding giet der nammentlik in hiele soad tiid sitten yn it skriuwen fan it beliedsplan, wêrtroch it tal oeren foar de útfiering úteinlik beheind is.' Oan de hân fan de antwurden op 99 fragen generearret Beliedsmakker in taalbeliedsplan dat foldocht oan de Wet Gebrûk Fryske Taal út 2014. De struktuer fan it helpmiddel is ûntliend oan it Europeesk Hânfêst foar Regionale talen of Minderheidstalen. Dat hânfêst is it wetlike ramt foar it fieren fan belied troch de lidsteaten op it mêd fan it befoarderjen en beskermjen fan de regionale talen en talen fan minderheden. De tekst wurdt yn Word oplevere en is dêrtroch maklik oan te passen en te bewurkjen.
|