Nederlands
| Contact | Sitemap
 
Teksten foar it lokwinskjen fan de ālders

‘Alders fan it breidspear, ek tige lokwinske en ik hoopje dat jimme yn sūnens noch lang tsjūge wźze meie fan it lok fan jimme bern.'

‘Fansels wol ik ek jim ālders fan wjerskanten yn myn felisitaasjes behelje.It kin hast net oars as dat it hiel bysūnder is dat in bern trout. Fan jongs ōf oan ha jim ... en .... besocht weiwiis te meitsjen yn it libben. Jim hawwe se sūnder mis wearden meijūn, dy't se har hiele libben net ferjitte sille. Ik hoopje dat jim noch hiel lang genietsje sille fan it lok fan jim soan en jim dochter.
Heit en mem ... (efternamme), heit en mem ... (efternamme), ek foar jim is it hjoed in bysūndere dei. Jim soan ... (namme) en dochter ... (namme) binne sakrekt troud. Hjoed hawwe jim der offisjeel in skoandochter en skoansoan bykrigen. Doe't ik .... (namme brźgeman) en .... (namme breid) by it foarpetear frege om wat oer harren jeugd te fertellen, seinen se allebeide dat se op in moaie tiid weromsjen kinne. Dat liket my foar jim as ālders hiel moai om te hearren, want in goede jeugd is ommers in stevige basis foar it fierdere libben. Ik wol jim fan herten lokwinskje mei dizze stap fan jim bern en ik hoopje dat jim noch lang tsjūge fan harren lok wźze meie. ‘
(Hjirby moatte jo wol wis wźze dat breid en brźgeman beide in goeie jeugd hān hawwe.)

‘Graach wol ik jim fan herten lokwinskje mei it houlik fan jim bern en ik hoopje dat jim noch lang fan harren lok tsjūge wźze meie en dat jim yn .... (moanne) mar grutske paken en beppen wurde meie.'
(As de ālders fan it breidspear pake en beppe wurde.)

‘Foar de beide ālderpearen is it ek in wichtige en bysūndere dei. Jimme hawwe meimeitsje kinnen hoe't dizze jonge minsken elkoar fūn hawwe en it mei elkoar mienden en fan no ōf as troud stel fierder wolle om harren takomst op te bouwen. Ik hoopje dat jim noch lang tsjūge wźze meie fan it lok fan jim bern.'

‘Ik wol no beide ālderpearen lokwinskje. Ik hoopje dat jim noch lang tsjūge wźze meie fan it houlikslok fan jim bern .... (namme) en .... (namme) en dat dizze dei ek foar jim ūnferjitlik wźze sil. Dat jim hjoed tsjūge wźze mochten by it houlik fan jim bern tsjut oan hoe grut at de wurdearring en tank fan jim bern foar jim as ālders is.'
(As de ālders ek tsjūge binne.)