Nederlands
| Contact | Sitemap
 
Teksten foar lokwinsken en goede ried

‘.... (namme) en …. (namme), no't jimme jawurd klonken hat en jimme dat bekręftige hawwe mei in hantekening, mei ik jimme as earste lokwinskje mei jimme houlik en ik hoopje dat jimme yn leafde en sűnens dat feit noch faak fiere meie.'

‘Dan winskje ik fan herten dat jimme de kręft hawwe sille om jim oan de tasizzing dy't jim krekt dien hawwe, yn lingte fan jierren te hâlden. Fertrouwen yn elkoar jout jin moed, en trou tsjinoer mekoar jout jin kręft.
Jim meie elkoar no wol eefkes lokwinskje.'

‘….. en ….. (nammen).
Jimme jawurd hat klonken, de hantekeningen binne setten: jimme binne troud!! Tige lokwinske en ik hoopje dat jimme de ….. (datum) noch faak yn leafde en sűnens betinke meie.‘

‘.... en ...., jim binne no offisjeel man en frou en as Amtner fan 'e Boargerlike Stân mei ik jim as earste myn lokwinsken oanbiede. Ik hoopje fan herten, dat it jim jűn węze mei dat de sakrekt ôfleine belofte oant yn lingte fan jierren duorje mei.'

‘Breid en bręgeman, ik wol jim as earste lokwinskje mei jim houlik. Ik winskje jim in soad lok yn jim libben ta en dat jim trochsette wat jim al begűn binne. Mei jim houlik lang en lokkich węze, sadat jim hieltyd wer mei blidens en tankberens weromtinke sille oan dizze dei, jim troudei.'

‘Troch elkoar te sjen as unike minsken, elkoar hieltyd te stimulearjen, te begripen en te stypjen, is jimme kombinaasje unyk. Respektearje inoar sa't jim binne en jou inoar ris in komplimint, want de iene is no ienkear optimistysker, sportiver, handiger ensfh. as de oare. Ha betrouwen yninoar as der dagen komme dy't fertriet bringe en genietsje fan de dagen dat jim lokkich binne.'

‘It grutste geskink dat jim krije kinne is de leafde foar inoar, de keunst om mei leafde en begryp yn inoars geast en hert te sjen, om tegearre jim dreamen wier te meitsjen.'

‘Meitsje in hűs fan waarmte en freonskip en laitsjen en triennen, en besykje problemen dy't op jim paad komme kreatyf op te lossen.'

‘Meitsje fan jim troudei altyd in bytsje feest. In dei dęr't jim oan weromtinke en dy't jim fiere mei in gleske wyn, in blomke, it jout net węrmei, mar stean even stil by jim troudei!'

‘Soargje der wol foar dat jim genôch tiid foar jimsels oerhâlde en jou inoar de romte! Der sil oer de plannen en foarnimmens dy't jim hawwe net altyd in gouden glâns lizze kinne. Blydskip en ljocht wurde soms samar ynienen ôfwiksele mei fertriet en skaad. Dęrom wol ik sizze: help inoar yn alles en bou troch oan jim takomst en jim relaasje. Bewarje foaral ek jim humor en jim iepenheid tsjinoer inoar, want dęrtroch kinne jim bergen fersette!'

‘Breid en bręgeman,

Ik ha in pear winsken dy't ik jim noch graach meijaan wol:

  • ik winskje jim leafde, lok en sűnens en in lang libben tegearre;
  • ik winskje jim ta at in hiele protte minsken noch lang genietsje meie fan jim lok.
  • ik winskje jim, mei jim famylje en freonen, in moaie dei en, .... (namme) en .... (namme), in goede reis troch it libben, mei in protte bloeiende blommen fan lok!'

‘Ik wol jim graach felisitearje/lokwinskje mei jim ‘jawurd' oan inoar. Ik hoopje dat leafde en trou jim noait ferlitte sille en dat se altyd as in waarme tekken om jim hinne lizzen bliuwe.'

‘Lok, blydskip sit net yn grutte en ferheven dingen, mar folle mear yn dy lytse dinkjes yn it libben dy't faak gjin namme ha, mar dy't wol hiel belangryk binne. Tink mar oan in knypeachje, in earm om it skouder of in blomke op de safolste troudei.'

‘Jim binne no troud. It wurd ‘trouwe' komt út it wurd ‘fertrouwen'. En ast sa'n wurd noch fierder útraffelest, dan sit dęr wer yn: as goede maten op inoar bouwe; byinoar yn fertroude hannen węze. Bliuw inoar as libbenskammeraten dęrom trou yn ljochte čn yn donkere dagen.'

‘Der binne in protte dingen dy't yn ien sike wei sein wurde kinne. Tink mar oan fonkjes en fjoer, leafde en trou, lok en blydskip. Tink ek oan * (foarnamme breid) en * (foarnamme bręgeman). It binne bewyskes fan dat wűnderlike en feestlike dat minsken oerkomme kin: leafde. Ik hoopje dat jim dęr alle dagen wat fan fernimme sille.'

‘Offisjeel ha ik no myn wurk dien, mar it soe wat al te raar węze om dit feestlike momint samar ôf te sluten.
Ik wol jim fan herten felisitearje/lokwinskje mei it wurd fan trou dat jim saniis oan inoar jűn hawwe.
Fan hjoed ôf begjint foar jim in nije libbensfaze, as man en frou. Ik hoopje dat lok en leafde altyd by jim bliuwe sille.
Lit jim net út it fjild slaan troch it ferkearde en it minder goede. Leafde is sterker as wat ek mar. Nim tiid foar jimsels en tiid foar inoar, dan komt it grif goed.
Ik winskje jim ta dat jim tegearre genietsje sille fan it libben en ik winskje jim dęrby alle goeds ta.'

‘As amtner fan de boargerlike stân ha ik no offisjeel myn wurk dien, mar ik fyn it wat al te raar om dit feestlike momint samar ynienen ôf te sluten.
Dęrom, as jim it goed fine, wol ik noch graach in pear wurden sizze. Fansels wol ik jim alderearst fan herten lokwinskje mei jim wurd fan trou oan inoar.
Ik hoopje dęrby dat leafde en trou altyd as twa fęste kammeraten mei jim opreizgje sille. Lit dy twa de kaikes fan jim lok węze. Kaikes dy't passe op inoars hert en op inoars gefoel.
En wol sŕ, dat jim beiden foar inoar en foar alle minsken dy't jim tsjinkomme op jim paad in foarbyld węze sille fan lok en leafde.'

‘Kammeraten fan inoar węze jout fertrouwen. Fertrouwen dat stoarmen yn it libben, mar grif ek de blide mominten, tegearre hiel yntins belibbe wurde sille. Sadanich dat jim dęrtroch sterker nei foaren komme.‘

‘It lok fan jim tegearrewęzen foarmet in ryk besit. Hoedzje en noed zje dŕt besit, dat folle fierder giet as ierdske rykdom en dat safolle doel en ynhâld oan jim libben jaan sil.'

‘Ik winskje dat it jim slagje sil om fan elke dei in nije en goede dei te meitsjen. Dat hoecht net yn it grutte of oerdreaune. Dat sit him folle mear yn dy lytse dinkjes: tiid foar inoar nimme, in knypeach, in earm om it skouder, ferhalen oaninoar fertelle of in blomke meinimme.'

‘Bliuw altyd mei elkoar yn petear en harkje altyd goed nei inoar. Goai de kop net yn 'e nekke, bliuw earlik tsjin inoar en ha wat foarinoar oer. Net tinke: ik, ik, ik, .... nee jim binne mei jim beiden. It houlik is jaan en nimmen en dęrfan is jaan it wichtichst.'

‘Ik winskje jim in soad lok yn jim libben ta. Set troch wat jim al begűn binne. Ik hoopje en winskje dat jim al jim ferwachtings en idealen wiermeitsje kinne en dat jim by steat binne elkoar dęr węr't dat nedich is op te fangen en by te stean.'

‘In goed houlik is ek in houlik dęr't jo de kleuren fan it libben yn elkoars eagen yn sjen kinne. Jim sille dan űnderfine dat it houlik in feest is. Lit it dat bliuwe, jim libben lang. Ik hoopje dat jim tegearre de wei nei jim doel, it lok fan tegearrewęzen, fine sille.'

‘Jou elkoar yn it houlik romte en tiid, sadat elk ek syn/har eigen dingen dwaan kin. Allinne dan kin elk groeie yn it houlik. Genietsje alle dagen fan elkoars ynbring.'

‘Ik hoopje dat jim in sinnige reis troch jim libben hawwe sille. Miskien falt der sa no en dan in buike, mar betink dan dat de sinne altyd wer efter de wolken weikomt. Jim hawwe ‘ja' tsjininoar sein, sis ‘ja' tsjin it libben, mei alles derop en deroan.'

‘Mei jim houlik lang en lokkich węze, sadat jim hieltyd wer mei blidens en tankberens weromtinke sille oan dizze .... (datum) fan it jier (jier), jim troudei.'