Nederlands
| Contact | Sitemap
 
Symboalyske teksten

Symbolyk spilet gauris in wichtige rol yn in houlikstaspraak. Symbolyk oer it libben, it houlik, lok en fertriet. Hjir fine jo in pear algemiene foarbylden út 'e praktyk.

‘Eins draacht elk minske in ûnsichtbere rêchsek mei him mei. Fleur, wille, fertriet, soargen, leafde, meilibjen, alles húsmannet deryn. It iene is swier, it oare licht. Wat is it moai ast ûnderweis immen trefst dy't tegearre mei dy dyn rêchsek drage wol. 't Gewicht wurdt dan dield troch twa en it rinnen giet de helte lichter, troch de leafde dy't jimme foar elkoar hawwe.'

‘It libben is alles ôftaaste, oertinke en dan beslute. Doe't jim lyts wiene waard der foar jim tocht, waard der foar jim besluten. Oan ‘e hân fan jim âlders learden jim it libben ôf te taasten. Stadichoan lieten jim dy hân los en sochten jim in eigen wei, krigen jim in eigen miening, giene jim jim eigen gong – groeiden op nei selsstannichheid. Mar dochs sochten jim wer in hân. Sa kaam op in dei de hân fan dy oare. Tegearre learden jim wer it libben ôf te taasten, nei te tinken, te dreamen oer de takomst. Tegearre. Hjoed hân yn hân nei 't stedhûs. Jou my dyn hân, ja mear as dat. Jou my dyn hert. Dêr leit alles yn besletten. In hân – in hert. ‘De hân derop', sizze wy. Jimme dogge dat hjoed. De hân derop.'

‘It houlik biedt jim it plak dêr't jim jim úteinlik thús fiele kinne. Kinst by wize fan sprekken dyn te nauwe skuon útlûke en maklike klean oandwaan. As it goed is wurdt alles yn it houlik dield. Dêrtroch komt it dat freugde dan bûten alle proporsjes fermannichfâldige wurdt, ferantwurdlikens dield en ynsjoch ferdûbele wurdt.'

‘Der binne yn it libben in protte wegen. Sa kinne je it libben beskriuwe. In protte wegen stjoere ús nei in doel. 't Giet oer autowegen, klinkertwegen, wy komme se allegear tsjin. Somtiden wurde jo tsjinhâlden, dan is de wei ôfsletten, liket it op in dearinnende wei. Foar jim is de wei wer iepenbrutsen. Gean dy wei, tegearre nei in doel, nei leafde en lok.

In wei – nei fierten dy't nimmen wit,
te libjen yn leafde en fertriet
om't it mei elkoar giet
Want juster is ferline tiid
Hjoed is it no
Moarn is de takomst'

(Boppesteande tekst is gaadlik foar in reparaasje- of twadde houlik)

‘Jim leafde groeide lykas in plant. Ferjit him net wetter te jaan, want dan allinne sil er mear en mear groeie en as in moaie blom yn jim houlikstún bloeie.'

‘It houlikslibben is as in fytstocht, in Fryske Alvestêdetocht dêr't jo net foar oefene hawwe. Jo witte net wat jo te wachtsjen stiet. Jo weagje it derop en sizze: ‘Ik sjoch wol hoe't it giet. Want ik bin net allinne ûnderweis, myn leafste is by my. En mocht ik tsjinslaggen krije, dan wit ik dat hy/sy der is. Tegearre geane wy troch hurde wyn en rein.' In Fryske Alvestêdetocht yn waar en wyn en yn leafde en trou. Jim geane no tegearre op reis as man en frou.'