Nederlands
| Contact | Sitemap
 
Foarbylden by de trouringen

Hjirūnder fine jo in tal foarbylden dy't jo brūke kinne as it ta is oan it śtwikseljen fan de ringen.

‘As symboal fan jimme leafde en trou hawwe jimme elkoar de trouring om 'e finger skood en dźrmei elkoar tasein: ‘Ik jou myn bestean oan dy.'

Jimme binne it al wend om tegearre te libjen, mar no is it dochs oars, foar it gefoel. Tenei binne jim in troud pear. De leafdesbān dy't jimme ferbynt is hjoed fźstlaske. Tegearre, yn fol fertrouwen, doarre jimme de takomst oan.'

‘Sūnt minskeheugenis wurdt oan de ring in magyske krźft taskreaun. Dy line sūnder begjin en sūnder ein is yn ferskate kultueren in sym­boal fan leafde, beskerming, freonskip en it libben sels. Dy ring wolle jim no drage foar jimsels en as teken foar de būtenwrāld.‘

‘….. (namme), soesto dizze ring, as symboal fan leafde en trou en troch jimme sels śtkeazen, oan de finger fan dyn frou/man skowe wolle?'

‘Ik langje jim no jim trouringen oer. Dy ringen binne it teken fan:
Leafde foar elkoar
smeid ta gouden ringen
binne net foar eefkes mar foar altyd.
Draach dizze ringen in libben lang
al sil it libben net altyd maklik wźze
mar mei leafde komme jim oeral trochhinne
Dizze ringen sizze dat jim nea allinne wźze sille
Mei jim twaen oerwinne jim alles.'