Nederlands
| Contact | Sitemap
 
Gedichten

In hiel soad Babsen meitsje yn harren taspraak gebrk fan gedichten. Guon skriuwe se sels, oaren sette besteande gedichten oer of brke fersen fan bekende (of minder bekende) Fryske dichters of lietteksten. Hoe dan ek, der is altyd ferlet fan nij materiaal. Tips en nije gedichten binne altyd wolkom!


Hjoed is de dei

Want hjoed is de dei
Dy komt mar ien kear
Moarn dan is it hjoed al net mear

Net seure, ha wille
Yn 't libben dat mei
Mar doch it wol hjoed
Want hjoed is de dei

Toon Hermans


Yn 't hastige libben fljocht de tiid
Mei kgelsfeart foarby

En ngemurken skrept men sa
Oan alle moais foarby

Besit dat bringt s it lok net oan
Sa't men faak hearre kin
Mar dr hat nimmen hldfst oan
De earmoed bringt it likemin

Mar wa't hjir op syn libbenswei
It each op 't eigen hldt
En dryn 't moaie en skientme fynt
Bliuwt jong en wurdt nea ld

Hoatse de Jong


Net mear allinne gean
Mar it fearjen fernimme
Fan dy't dy betrout
Tegearre op syk
Nei in antwurd
Yn de wikseling
Fan ljocht en tsjuster
Op syk nei de frijheid
Fan de leafde

Ut: Heechliet fan Jan Dotinga


Hs fan stilte

Lit s in hs fan stilte bouwe,
mei muorren fan leafde
en in dak fan frede,
mei keamers fan blydskip
en in tn,
in tn
mei wat ljocht
en wat skaad,
mei wat sjongende fgels
en in slgjende kat op it paad.

Lit s in hs fan leafde bouwe,
mei muorren fan begryp
en in dak fan fertrouwen
en in hiem om te sintsjen
en keamers,
keamers
om yn te ferdwinen,
elkoarren te sykjen
elkoarren te finen.

Lit s in hs fan stilte bouwe.

Ut: Hs fan stilte fan Tsjits Peanstra


Lit s doarmje en dwale yn in wrld noch nbeskreaun
te swalkjen snder soarch en plicht
Kom lis dyn hn yn mines, no,
Ik wit de wei net, krekt as d0,
mar yn it doalhf binne wy tegearre
Dus kom no mar, dan sille wy dwale

Ivo de Wijs


Ik winskje jimme lok en segen
Mei dizze houliksdei
Ha altyd mar op jimme wegen
Safolle foarspoed lyk as no

Sjoch, as jimme binnen 't perk mar bliuwe
En net tefolle bten slaan
En elkoar ek gjin prippers jouwe,
Dan sil 't fst in goed houlik jaan!

Waling Dykstra


Leafde

Leaf hawwe is foar leaf nimme
elkoars lekken en brekken;
in net wiermakke wurd
oersljochtsje mei in knypeach
Want allinnich sa en net oars
sil jim leafde bestean.

Berber v.d. Geest


In nije dei

De nacht is foarby, de sinne is frij,
omheech te gean
Aanst wurdt it dei, de moarn is te nij,
om stil te stean
It libben wie wrang, it wachtsjen te lang,
mar 't nimt in kear
Ws mar net bang, nea wer bang,
it hoecht net mear

Der sil gjin dei begjinne,
dat ik net by dy bin
Gjin oerwurk foar s rinne,
snder sin

Jou my dyn hn, jou my dyn hert,
Asto it doarst mei my.
Hjir is myn hn, hjir is myn hert.
'k Jou myn bestean oan dy.

Lang wie it kld en tsjuster
Aanst komt de dei
Fynt it ljocht syn wei
yn in nije dei.

'k Kaam net t 'e rie, it paad dat ik gie,
it wie snder ein
De tiid dy't der wie, it hert dat ik hie,
it wie fersein
'k Ha my oan dy jn, mysels yn dy fn,
'k begjin op 'e nij
Leafde hat wn, twa minsken bn,
mar fgelfrij

De Kast


Net ferjitte

Ferjit him net, dy tiid fol leafde en wille
fol goud'ne dreamen, tel ferflein.
Dy blomtn, dy't jim no ferlitte sille
dy nocht sa goed en rein.

Ferjit se net, dy stille blide jnen
dy't jim tegearre trochbrocht ha
dy oeren, as jim herten elkoar fnen
Hoe leaflik wiene hja!

Ferjit se net, dy nferbrekb're wurden
dy't jimme bine as wiif en man.
As 't leed jim treft mei tzen skerpe swurden,
tink oan dy wurden dan.

Ferjit him net, dy golle freonerige
dy't mei jim feestfiert dizze dei.
Myn bste winsk jim witte, ik mien it sa tige,
nim dy yn 't libben mei.

Fedde Schurer


Sa asto my serieus nimst, my nimst sa as ik bin
Sa asto my in kns joust
Snder betingsten yn my leaust
Dyn eagen in skitterjende wrld dr't ik wolkom bin.
In wrld snder foaroardiel.
Dyn stim muzyk dy't my draacht, my optilt.
Dyn stim ien waarme tnoeging om mysels te wzen.

Watsto foar my betsjutst, do litst my fiele
dat ik bestean. Dat ik net fergees bestean.
Do makkest myn eigen ik yn my iepen.
Lokkich, net te begripen, hoe lokkich ik mei dy bin.

Hans Bouma


Op 'e tiid sprekke
op 'e tiid swije
op 'e tiid leavje
en triennen feie.
Yn berou
sykje nei harmonije:
dat s foar altyd
man en frou.

Ytsje Hettinga


Troch waarmte kinne wy kjeld oan
troch ferbnens frijheid
troch leafde haat ferdriuwe
troch swijen wurden begripe
troch ienheid kinne wy twa wze.

Ytsje Hettinga


Untaastber,
mar wy fiele it hn yn hn.
Unsichtber,
mar wy sjogge it each yn each:
leafde.

Folkert Verbeek


Dit is de dei
it lok leit om s hinne
wy hlde it fst
litte it net mear gean.

Giny Bastiaans


Twa boatsjes wurde stadich wei
yn 'e dize fan de moarn,
mar laitsjend lke wy de skoat
fan it nije skipke oan.

Folkert Verbeek


Wat wy sochten
ha wy fn
foargoed ferkocht
de leafde wn.

Folkert Verbeek


Dit is in dei om te nthlden
in dei dy't hiel bysnder is,
dit is in dei om fan te hlden
om't dizze dei s troudei is.

Gjalt Huizenga


Leafde

Leafde kin brekke,
mar mear noch meitsje
dat minsken tegearre
har lokkige wegen gean.

Leafde is sykje,
mar mear noch ntdekke
de blydskip fan trou,
fan noait allinne stean.

Leafde is stadichoan leare,
begripe en witte,
dat libben fol leafde
it meast weardefolle geskink
oan in minske is.

Hinke Hoogland


Libje is lef om opnij te begjinnen,
is weagje: wa't weaget, no dy wint
Libje is hieltiten in twei betinke,
is trochgean, soms dwers op de wyn

Libje is lef om de koers te ferlizzen,
is doare in nije wei yn te slaan
Libje is lef om de wierheid te sizzen,
is moed om krityk te trochstean

Libje is lef om in fout ta te jaan,
is falle en dochs wer foart
Libje is doare wat nijs yn te plannen
Libje is moed dy't de wrld ntslt

Maaike van Dijk


In iepen boek

It houlik is lykas in boek,
't leit iepen foar jim, skriuw mar ta.
Meitsje d'r in spannend boek fan.
Lit leafde en trou as reade tried,
rinne troch it boek as paadwizer,
yn sinneskyn en skaad.

Oer hichten giet it houlikslibben,
troch delten sil it gean.
Sykje aloan dy reade tried,
fan leafde en fan trou.
Dat bynt jim oan elkoar,
de bn fan man en frou.

Gean 't libben mar temjitte,
der bin' safolle mei jim op 'en paad.
Mar tink oan it grut ferbn hjoed sletten,
der wze foar elkoar,
yn sinneskyn en skaad.

Ws foar elkoar in iepen boek,
dr't trou en leafde sprekke,
sadat in oar it ek graach lze mei.
Ws mar in iepen boek,
op hiel jim houlikswei.

J. Krook-Merkes


Takomst is gjin dream

Net letter, takomst is de dei fan hjoed
Dreamen falle yn it wetter,
As de notiid s net stjoert.
Net heger, slaan de earste stien net oer.
Mei it bouwurk klimt de steger,
nei de maaibeam op 'en doer.
Net fierder, rin net op 'e tiid foart
Siedzje moat de iere siedder
foar't it nije ln ntsprt.
Takomst is gjin dream,
mar it plantsjen fan in beam.
Snder fuotten yn 'e ierde,
bliuwe dagen snder dieden.
Takomst is de koartste klap.
Hjoed sette jim de earste stap.


Ik sil der foar dy wze....
As teare blossems troch de sinne tute
op 'e nij ntsprute
As waarmte triljend oer de fjilden giet
of it nt te rypjen stiet
Ek as sdwesterstoarmen oer de lannen gean
iisblommen op de finsters stean
sil ik der foar dy wze
By elke simmertwirre of de earste snie
Tusken s sil 't altyd bliuwe sa't it wie
Yn alle jiergetiden
Altyd wer opnij
Bin ik der foar dy!


Hjoed wie it dan safier
jim seine elkoar ta
trou en help yn alle tiden
mei it wurdsje JA'

Wy hoopje op in lange reis
yn snens, dat foaral
klnplakken sil der grif ek wze
en hjir en dr in fal

Pak elkoar dan by de hn
slaan earmen om elkoar hinne
dan kinne jim it grif wol oan
yn skaad en folop sinne


Tegearre troch it libben
tegearre hn yn hn
en drom binne jimme hjoed
ferbn troch de houliksbn

Jimme seine elkoar ta:

Trou en help yn goede dagen
mar ek yn kweade as it kin
sa tegearre troch it libben
dat jout fleur en sin


Lok is
tegearre diele
en dochs .
ek de frijheid ha
jinsels bliuwe
te meien
mar respekt
derop ta


Sa tegearre troch it libben,
dan kinne jimm' it grif wol oan.
Lit de flam fan jimme leafde,
ljochtsjend bliuwe hjoed en moarn.

De moaiste dei yn jim libben
is fst de dei fan hjoed
Jim ha elkoar it jawurd jn
en witte . it sit goed!

Tegearre gean jim t libben troch
tegearre hn yn hn
want echte leafde ja dy jout
foar altiten in bn

Mar miskien komt der yn jim libben
ek wolris in dei
dat lok fier te sykjen is
de leafde efkes wei

Betink dan dat efter eltse wolk
de sinne altyd blinkt
en dat echte leafde foar elkoar
altyd wer oerwint.


Minsken
sklje by elkoar
as it triennen reint;
as de wrld
de kleur fan griis oannimt.
Minsken
nimme elkoar by de hn
as it libben wer laket
en fernuverje har
oer it nije ljocht
Minsken
Kinne net snder minsken


Leafde is mear as al it oare
Dat s dwaan en dieden driuwt
't Is by alles wat feroare
't Iennige dat bliuwt.


Leafde

Leafde is sterk,
It kin wnders dwaan.
Libbens feroarje,
Lsten fersftsje,
It fynt har freugde
Troch freugde te jaan.
It jout ynhld en glns,
Oan it libben.