Nederlands
| Contact | Sitemap
 
Fryske siswizen

Hjir fine jo in griemmank oan wiisheden, spreuken en sprekwurden, dy't brkt wurde kinne yn in houlikstaspraak. Guon serieus, oaren sille mei in kwinkslach brkt wurde moatte. Hjirby jildt ek wer dat smaken ferskille.

Leafde

Alde leafde rustket net, al leit dy sn jier yn 'e goate.
As strie en fjoer byinoar komme, dan is der gau brn.
Better te trouwen as te baarnen, sei de pastoar fan Ysbrechtum, en hy joech de geboadens wat te let oan.
Haw leaf, want moarn is it te let!
It is net mooglik om te libjen snder eat leaf te hawwen.
Kearsen kinne net baarne snder de waarmte fan fjoer.
Minsken kinne net libje snder de waarmte fan leafde en freonskip.
Laitsjen is sn wurk.
Leafde is net te keap.
De leafde is sterker as de dea.
Leafde jaan is in ryk gefoel, leafde krije is in ryk besit; leafde diele is rykdom.
De leafde oerwint alles.
De leafde ta de neiste begjint by jinsels.
Leafhawwe betsjut: net stilstean bliuwe by josels, mar op wei gean nei dy oare.
Libje elke dei as oft it dyn lste is.
Mei jild keapje jo in goede hn, mar net it giseljen fan syn sturt.
In man snder frou is in himd snder mouwe.
Op ld iis friest it fl.
In tt knalt net sa hurd as in kanon, mar syn echo duorret folle langer.
In tt mei eare kin nimmen deare.
Wa't noait swak wze wol, moat de leafde tbanne.
Wiere leafde is blyn of knypt in eachje ta.

Houlik

De boask yn 't lyk is beide like ryk.
Fereale wze is in kadootsje, mar mei echte leafde wurdt it mienens.
Dy't it lok hat, kriget de breid.
Dy't mei de dochter trouwe wol, moat frije mei de mem.
In houlik wurdt yn 'e himel sletten.
Trou wze oan elkoar is ek respekt hawwe foar elkoar.
Ik bin de baas, sei de man, mar ik doch wat myn wiif seit.

Trouwe

Hja geane yn 'e lange hier.
Hja geane yn 'e lange tsjinst.
Hja sille de lapen gearsmite.
Hja sille de skonken byinoar stekke.
Ien de bsdoek tasmite.
Trou net om it jild, kinst it goedkeaper liene.
Trouwen is gjin ienmanswurk.
Trouwen en bargeslachtsjen hat syn tfallen.
Wa't al te hastich trouwe, kinne 't al te gau berouwe.

Jaan en nimme / in ienheid wze

Der rydt gjin wein sa sunich of hy stjit wolris.
Dy't trout krijt in bongel oan 'e foet.
Elk mins is as de moanne: hy hat in tsjustere kant dy't er nea sjen lit.
Foar it sizzen fan de wierheid moat ek it goede momint keazen wurde.
In hnfol help is better as in karfol suchten en preken.
It herte freget om in reisgenoat foar eltse dei, foar hiel it libben. Neist romte, ljocht en brea begeart it herte in reisgenoat om stipe te finen en te jaan.
Jou wat en hld wat, dan kinst jaande bliuwe (dan meiste jouwer bliuwe).
Ienriedigens makket it lytse grut.
Lilk wurde is minsklik, lilk bliuwe is duvelsk.
De measte minsken stekke mear tiid en enerzjy yn it omsilen fan problemen as yn it oanpakken drfan.
Men leart sa lang as men libbet.
De mins libbet mar heal wannear't er allinnich foar himsels libbet.
In minske allinne is as snie foar de sinne.
Net altyd binne 't roazen op 't libbenspaad, ek stikels tref je dr oan. De roazen moatst plukke, de stikels moatst mije, dan laket it libben dy oan.
Rin net foar my t, miskien kin ik dy net folgje. Rin net efter my, miskien kin ik dy net liede. Rin neist my, wy hawwe inoar nedich as freonen en leafsten.
Tegearre blydskip diele is dbele blydskip en tegearre fertriet diele skeelt de helte.
Sa as in blom de sinne nedich hat om blom te wurden, sa hat in mins de leafde nedich om mins te wurden.
Tiid foar elkoar nimme is nedich om fan leafde, dy't faak bchsum mar ek brekber wze kin, in strekdaam fan feilichheid te meitsjen.

Lok

It geheim fan lok: in protte fan dysels en in bytsje fan oaren easkje.
In glim kostet minder as elektrisiteit en jout mear ljocht.
Grutte gedachten komme altyd t it hert.
Lit dyn goede dagen dy net ntkomme!
It lok hat wjukken, it ngelok fuotten fan lead.
Lok is hlde fan wat jo dogge en dwaan wr't jo fan hlde.
It lok komt graach del yn in hs mei fleur.
Lok kostet in bytsje; as it djoer is, is it net it wiere lok.
Lok leit yn it gefoel, net yn dingen.
Lok is it iennige dat wy oaren jaan kinne snder it sels te besitten.
Lokkich wze is in geunst, lokkich lykje is in keunst, lokkich wurde is in lok, mar lokkich bliuwe is masterwurk.
Men siket faak om fierrens it lok dat foar jins fuotten leit.
Sykje lykas de blommen altyd it ljocht. Dan binne dyn wegen sinnich en rjocht.

Fierders noch

Der binne mear froulju/manlju as tsjerken.
Fan in brulloft (brulloftsjen) komt in brulloft (brulloftsjen).
Ik sil 't net wer dwaan, sei de ldfeint, doe't it him muoide dat er jong net troud wie.
Immen nei de ljirre tingje.
In minske libbet mar ien kear, en dat is no.
In pear aprilsbuien yn 'e knyntsjedagen, dr folget in griene maaie op.
It plak fan 'e widze dr't de minske by de berte yn telne komt, bepaalt foar in grut part hoe't it libben fan in minske him ntjaan sil.
It roer moat yn it wetter bliuwe.
Trou moat bliken dwaan.
Wa't syn plicht docht hat gjin rjocht op tank.