Nederlands
| Contact | Sitemap
 
It Frysk yn in taspraak

In taspraak moat fansels foldwaan oan de winsken fan it breidpear. De taalkar is dźr ek wichtich yn. By it yn ūndertrou gean, freegje de measte gemeentes nei de taalfoarkar by de houlikstaspraak. Fryske breidspearen kieze meastentiids foar in Fryske taspraak. Dochs freegje breidspearen ek wol om in twatalige taspraak. Der binne al hiel wat troutaspraken hālden yn in miks fan talen, ek būtelānske talen.

Hoe kin it Frysk brūkt wurde yn in troutaspraak? BABS'en brūke dizze foarmen meastentiids:

  • Folslein Fryske taspraak, ek formele diel
  • Nederlānske taspraak en in (wat wiidweidiger) wolkom yn it Frysk. It wolkom gearfetsje yn it Nederlānsk. Utlizze dat de measte gasten/guon gasten it Frysk net ferstean kinne en dat dit de reden is dat it breidspear de taspraak fierder graach yn it Nederlānsk ha wol
  • In Nederlānske taspraak mei no en dan in pear sinnen yn it Frysk.
  • It ja-wurd yn it Frysk ōfnimme
  • As de ien Frysktalich is en de oar Nederlānsktalich: it ja-wurd yn de eigen taal ōfnimme. (Bygelyks de breid yn it Frysk, de brźgeman yn it Nederlānsk).
  • Werhelje fan de tekst yn de oare taal, yn alineas (dit wurdt ek faak brūkt mei in būtelānske taal)
  • Brūk in Frysk gedicht, Fryske siswizen yn in Nederlānske taspraak.

Dochs is it foar guon BABS'en wol dreech om in Fryske taspraak te skriuwen, mei klam op ‘skriuwen'. Wa't knap Frysk praat, is net automatysk betūft yn it skriuwen. Ferjit net dat it om in taspraak giet, om it mūnlinge Frysk. It hindert dus neat as jo de wurden net goed opskriuwe. Wichtich is dat jo de taspraak hālde kinne sa as jo dy yn de holle ha.

Hjirūnder stean guon tips fan BABS'en.

  • Skriuw de taspraak yn it Frysk hielendal śt en oefenje ris in pear echt kear lūdop.
  • Fyn skriuwflaters yn jo eigen tekst net slim. Der is ommers net ien dy't it sjocht.
  • As it wurdbyld fan it Frysk jo net hielendal fertroud is: skriuw drege wurden fonetysk op. (Bygelyks: ‘kjeske' foar ‘kearske'.)
  • Skriuw de taspraak net hielendal śt, mar skriuw stekwurden en de wichtige sinnen op. Sa ‘fertelle' jo mear as dat jo it Frysk foarlźze.