Nederlands
| Contact | Sitemap
 
Foarbylden houlikswet yn de taspraak

Hjir steane in pear foarbylden fan hoe't jo de houlikswet brűke kinne yn de taspraak.

‘De Nederlânske wetjouwing stelt wol betingsten oan in houlik. Betingsten dy't fęstlein binne yn wetsartikels. Doe't jimme tegearre by my west hawwe, haw ik jimme dęrmei yn 'e kunde brocht en om't dęryn presiis stiet wat jimme graach wolle, gean ik mei nocht oer ta it sluten fan jimme houlik.'

‘De Nederlânske wet sprekt fan rjochten, mar ek fan plichten. It is goed dat dat by de wet regele is. It bliuwt nimmen en jaan yn it libben, mar ek yn it houlik. Mar as jimme inoar op 'e helte temjitte komme, dan kin der in soad. Yn 'e wet sa't dy yn Nederlân jildt, wurdt net oer leafde praten, mar oer hiel oare saken. Ik sil jim de artikels foarlęze dęr't it by in houlikssluting om giet.'

‘Foardat wy no oergeane ta it sluten fan jim houlik, wol ik jim earst de wichtichste wetsartikels foarlęze út it Boargerlik Wetboek oangeande it houlik. Jim moatte úteinlik al witte węr't jim straks JA op sizze sille.'

‘Elk wurdt űndersteld de wet te kennen, mar dochs is it fan belang om de ‘troulustigen' te wizen op de spulregels fan it houlik. It binne der net sa'n protte, mar se binne wol belangryk en ik woe se jimme dan ek efkes foarlęze.'

Foar't ik jim trouwe sil/ foar't jim ja sizze/ foar't ik dit houlik slút, wol ik jim wize op in tal omskriuwingen út it Boargerlik Wetboek dy't te krijen hawwe mei it houlik. Ik sil de artikels net foarlęze; dat soe mar in saaie boel wurde. Ik ha de wichtichsten der úthelle en sis se no mei eigen wurden:

  • trou węze
  • elkoar beskermje en tsjinje
  • elkoar materieel űnderhâlde
  • ferantwurdlikheid foar elkoar nimme en elkoar helpe en bystean.