Nederlands
| Contact | Sitemap
 
De houlikswet

Wat ‘De houlikswet' neamd wurdt, binne de titels 5-8 yn it Boargerlik Wetboek Diel 1: Persoanen- en Famyljerjocht.

Titel 5: It houlik (artikels 30-80)
Titel 5A: It registrearre partnerskip (artikels 80a-80g)
Titel 6: Rjochten en plichten fan de oare helten (artikels 81-92a)
Titel 7: De wetlike gemienskip fan goed (artikels 93-113)
Titel 8: Houlikse betingsten (artikels 114-148).

De folsleine tekst is wol op ynternet te finen, bygelyks op uwwet.nl.

As jo de wetteksten lęze, sil it jo opfalle dat ‘de houlikswet' ek alles op papier set foar as it houlik mis rint. Dat makket it besprekken fan de hiele wet fansels te lang mar ek wat űngmaklik yn in troutaspraak. Mei de rjochten en plichten (titel 6) kinne jo as BABS faaks wol wat.