Nederlands
| Contact | Sitemap
 
It trouboekje

It trouboekje is net in ferplichting. It breidspear kin kieze om der net ien hawwe te wollen. De measten dogge it wol. As der al bern binne fan harren tegearre, dan wurde dy foar de troudei yn it trouboekje skreaun. Breidspearen dy't ek yn tsjerke trouwe, moatte it trouboekje dźr sjen litte om oan te toanen dat it boargerlik houlik sluten is.

It breidspear kriget it trouboekje mei fan de BABS. Meastentiids wurdt it trouboekje oan de ein fan de plechtichheid oerlange. It breidspear giet eins as fansels stean, by it oerlangjen en dat jout ek op natuerlik wize de ein oan fan de plechtichheid. Ek dźrom jouwe in soad BABS'en de foarkar oan it oerlangjen oan de ein fan de plechtichheid.

It oerlangjen kin mei in koarte tekst, mar jo kinne der ek wat mear fan meitsje.

Foarbylden it trouboekje