Nederlands
| Contact | Sitemap
 
It ja-wurd / It formele diel

It formele diel hat in pear ūnderdielen, yn dizze folchoarder:

1-BABS freget it breidspear om stean te gean en elkoar de rjochterhān te jaan.

(Yn it gefal fan hendikeps ferfalt dizze eask, dan mei it ek sittend / mei de lofterhān).

‘Soene jimme oereingean wolle, elkoar de rjochterhān jaan en my antwurd jaan wolle op de folgjende fragen?'

‘Breidspear, mei ik jimme fersykje om stean te gean, inoar de rjochterhān te jaan en my in antwurd te jaan op de folgjende fragen.'

2-BABS freget oan beiden apart om it ja-wurd.

Yn de troufragen wurdt ‘doke'. Mar der kin fansels ek ‘jo' fan makke wurde. Meastentiids is dat gebrūklik by in breidspear fan hege leeftyd.
Nei it ‘ja' kin de BABS fierder. It wurdsje ‘ja' moat der al yn sitte. ‘Hiel graach' mei dus net, mar ‘ja, hiel graach' mei wol.

Man en frou

‘...(namme brźgeman)…, nimsto oan ta dyn frou ...(namme breid)…, en hasto it foarnimmen yn trou alle plichten nei te kommen dy't de wet oan de steat fan it houlik ferbūn hat? Wat is dźrop dyn antwurd?

...(namme breid)…, nimsto oan ta dyn man ...(namme brźgeman)…, en hasto it foarnimmen yn trou alle plichten nei te kommen dy't de wet oan de steat fan it houlik ferbūn hat? Wat is dźrop dyn antwurd?'

Lytse farianten binne mooglik:

‘…(namme brźgeman)… nimsto oan ta dyn frou …(namme breid)… en ūnthjitsto om yn trouwe alle plichten nei te kommen dy't de wet oan de steat fan it houlik ferbūn hat? Wat is dźrop dyn antwurd?

…(namme breid)… nimsto oan ta dyn man …(namme brźgeman)… en ūnthjitsto om yn trouwe alle plichten nei te kommen dy't de wet oan de steat fan it houlik ferbūn hat? Wat is dźrop dyn antwurd?'

Of

‘...(namme brźgeman)…, nimsto oan ta dyn frou ...(namme breid)…, en seisto ta trou alle plichten nei te kommen dy't de wet oan de steat fan it houlik ferbūn hat? Wat is dźrop dyn antwurd?

...(namme breid)…, nimsto oan ta dyn man ...(namme brźgeman)…, en seisto ta trou alle plichten nei te kommen dy't de wet oan de steat fan it houlik ferbūn hat? Wat is dźrop dyn antwurd?'

Registrearre partnerskip

...(namme partner 1)..., ferklearrest as dyn partner oan te nimmen ...(namme partner 2)..., en seist ta trou oan alle plichten te foldwaan dy't de wet oan it registrearre partnerskip ferbūn hat? Wat is dźrop dyn antwurd?

...(namme partner 2)..., ferklearrest as dyn partner oan te nimmen ...(namme partner 1)..., en seist ta trou oan alle plichten te foldwaan dy't de wet oan it registrearre partnerskip ferbūn hat? Wat is dźrop dyn antwurd?'

Homo-houlik

‘...(namme partner 1)…, nimsto oan ta dyn partner/frou/man ...(namme partner 2)…, en hasto it foarnimmen yn trou alle plichten nei te kommen dy't de wet oan de steat fan it houlik ferbūn hat? Wat is dźrop dyn antwurd?

...(namme partner 2)…, nimsto oan ta dyn partner/man/frou ...(namme partner 1)…, en hasto it foarnimmen yn trou alle plichten nei te kommen dy't de wet oan de steat fan it houlik ferbūn hat? Wat is dźrop dyn antwurd?'

Kinst ek de farianten brūke dy't hjirboppe by man en frou steane. Ferjit net om de formulearring ‘partner/frou/man' oan te passen.

3-BABS ferklearret it houlik as sluten

By man en frou

‘Dan ferklearje ik, as būtengewoan amtner fan de Boargerlike Stān fan de gemeente ... (namme gemeente)…, yn namme fan de wet dat ...(namme brźgeman)… en ...(namme breid)… troch it houlik oaninoar ferbūn binne.'

Of:

‘Dan ferklearje ik, as būtengewoan ambtner fan de Boargerlike Stān fan de gemeente …(namme gemeente)…yn namme fan de wet, dat jim houlik no sluten is.'

By registrearre partnerskip

‘Dan ferklearje ik, as būtengewoan amtner fan de Boargerlike Stān fan de gemeente ... (namme gemeente)…, yn namme fan de wet dat ...(namme partner 1)… en ...(namme partner 2)… troch it registrearre partnerskip oaninoar ferbūn binne.'

Of:

‘Dan ferklearje ik, as būtengewoan ambtner fan de Boargerlike Stān fan de gemeente …(namme gemeente)…yn namme fan de wet, dat jim no registrearre partners fan elkoar binne.

Bij homohoulik

Jo kinne de formulearring brūke fan man en frou (sjoch hjirboppe).

4-De tśt

Fansels net ferplichte, mar it ūntstiet fansels. Sjochst ek faak dat it breispear wol tśtsje wol, mar net doart. Sis dan gerźst dat breid en brźgeman elkoar in tśt jaan meie. Breidspear tutet steand.

5-Trouringen

It breidspear stiet noch hieltiten. Sis as BABS dat no de ringen omdien wurde sille. Freegje it berntsje/de tsjūge dy't oanwiisd is/binne, om de ringen nei foarren te bringen. (Eigen bern bliuwe meastentiids stean by it omdwaan fan de ringen. Tsjūgen rinne werom nei harren plak.) De folchoarder docht der net sa ta, wa't earst de ring omskoot by de oar.

It komt ek foar dat it breidspear wat tsjin elkoar sizze wol yn de trouplechtichheid. It moaiste plak is dan no: by it omdwaan fan de ring. Jo kinne as BABS it omdwaan fan ringen ek mei in tekst ynliede.

6-BABS freget it breidspear om wer sitten te gean.

Sitte de ringen oan de hān? Freegje dan om wer sitten te gean foar it ūndertekenjen fan de trou-akte.

7-Tekenje fan de akte troch breidspear, tsjūgen en BABS. Per gemeente ferskilt it mei it trouboekje.

Guon gemeenten ha in boade dy't dizze taak docht. Yn oare gemeenten docht de BABS dit sels.
De akte is yn twafāld. It breidspear set de hantekening dus twa kear: op elke akte ien kear. De tsjūgen sette harren hantekening ek op de akte, dus ek twa kear. Yn guon gemeentes tekenje de tsjūgen ek yn it trouboekje. Yn dat gefal sette de tsjūgen trije hantekenings.
As lźste set de BABS de hantekening op de akte, ek twa kear. Guon gemeentes litte it trouboekje ek tekenje troch de BABS, oare gemeentes ha it trouboekje al tekenje litten troch in ambter fn de Boargerlike Stān op it gemeentehūs.

De aktes wurde yn de argiven opburgen, it breispear sjocht de aktes nea wer werom yn dizze foarm. De measte fotografen wolle dźrom in foto meitsje fan de akte (en it trouboekje, en it trouboeket). Nei it ūndertekenjen fan akte en trouboekje is dit wol in moai momint. Trouboekje en akte lizze dan noch byelkoar. It steurt de taspraak ek net, omdat it ūndertekenjen eins wat būten de taspraak sels falt.

8-Akte foarlźze

Dit is net ferplichte, mar kin wol hiel moai wźze. Foaral breidspearen fan wa't ien of mear ālders net mear libje, fine it wol moai dat harren nammen yn de trouplechtichheid neamd wurde. Hjirūnder steane de meastbrūkte formulearringen. Der binne wol mear farianten.

De akte foarlźze by in houlik tusken man en frou

Op ...(datum folśt)….
is yn de gemeente ..... it houlik sluten fan ...(brźgeman) en ...(breid)…

Dźrta hawwe hja ferklearre dat hja elkoar oannimme as man en frou, en dat hja trou alle plichten neikomme sille dy't troch de wet oan it troud-wźzen ferbūn binne. Ik ha as būtengewoan amtner fan 'e boargerlike stān dźrnei śtspraak dien dat hja troch it houlik oan elkoar ferbūn binne.

De brźgeman / (of de namme neame) is in soan fan …(namme heit folśt)… en …(namme mem folśt)…
De breid /(of de namme neame) is in dochter fan …(namme heit folśt)… en …(namme mem folśt)…

As tsjūgen wiene oanwźzich: …(nammen folśt fan de tsjūgen)…

Dizze akte is opmakke troch my, as de amtner fan de boargerlike stān fan de gemeente … (namme gemeente)…

Akte foarlźze by in registrearre partnerskip

Op ...(datum folśt)….
is yn de gemeente ..... it partnerskip registrearre fan ...(partner 1)… en ...(partner 2)…

Dźrta hawwe hja ferklearre dat hja elkoar oannimme as registrearre partners, en dat hja trou alle plichten neikomme sille dy't troch de wet oan it registrearre partnerskip ferbūn binne. Ik ha as būtengewoan amtner fan 'e Boargerlike Stān dźrnei śtspraak dien dat hja troch it registrearre partnerskip oan elkoar ferbūn binne.

…(namme partner 1)… is in soan fan …(namme heit folśt)… en …(namme mem folśt)…
…(namme partner 2)… is in dochter fan …(namme heit folśt)… en …(namme mem folśt)…

As tsjūgen wiene oanwźzich: …(nammen folśt fan de tsjūgen)…

Dizze akte is opmakke troch mij, as de amtner fan de Boargerlike Stān fan de gemeente … (namme gemeente)…

Akte foarlźze by in homohoulik

Op ...(datum folśt)….
is yn de gemeente ..... it houlik sluten fan ...(partner 1) en ...(partner 2)…

Dźrta hawwe hja ferklearre dat hja elkoar oannimme as man en frou, en dat hja trou alle plichten neikomme sille dy't troch de wet oan it troud-wźzen ferbūn binne. Ik ha as būtengewoan amtner fan 'e Boargerlike Stān dźrnei śtspraak dien dat hja troch it houlik oan elkoar ferbūn binne.

…(namme partner 1) is in soan/dochter fan …(namme heit folśt)… en …(namme mem folśt)…
…(namme partner 2) is in soan/dochter fan …(namme heit folśt)… en …(namme mem folśt)…

As tsjūgen wiene oanwźzich: …(nammen folśt fan de tsjūgen)…

Dizze akte is opmakke troch mij, as būtengewoan amtner fan de Boargerlike Stān fan de gemeente … (namme gemeente)…