Nederlands
| Contact | Sitemap
 
De kearn

De kearn fan de troutaspraak bestiet meastentiids út ferskate űnderwerpen en befettet ek it ja-wurd, de ringen en it tekenjen fan de akte/trouboekje. Dat der ferskate űnderwerpen del komme heart eins ek wol wat yn in troutaspraak. De keunst is om de űnderwerpen te ferbinen. Bestegenje dus tiid oan it skriuwen fan de oergongen fan it iene nei it oare űnderwerp.

As der wat fertrietliks yn de troutaspraak nei foaren komme moat, is dit it plak wol. It is goed om it fertriet te beneammen. Eltsenien hat it fertriet dochs yn de holle sitten. Bygelyks dat de mem der net mear by węze kin. As it fertriet beneamd wurdt, sille der grif wat triennen falle. Sa kriget it fertriet in plakje en is der wer alle romte foar it houlik. Hâld it lykwols koart: in pear sinnen. It giet om it breidspear, de taspraak moat gjin requiem wurde foar in oar. Breidspearen kinne bygelyks ek in kears oanstekke, as teken dat der ien mist wurdt op harren troudei.

Brűk foar de kearn de ynformaasje út it petear. De toan dy't it breidspear graach ha wol, sette jo hjir yn. As jo de oandacht te pakken hawwe, is it wichtich om dy fęst te hâlden. Dat sil net sa dreech węze as jo yn 'e kearn fan 'e taspraak de ynformaasje dy't jo krigen hawwe op in boartlike manier ferwurkje. It moat gjin droege opsomming fan feiten wurde fansels. Besykje te boartsjen mei de ynformaasje. Werhelje net ‘droech' it petear dat jo hienen mei it breidspear. Jou der in eigen ynterpretaasje by en ferwiis nei in lokkige mienskiplike takomst.

De measte BABS'en pleatse it ja-wurd in bytsje oan de ein fan de kearn fan de taspraak. De kearn giet nei it ja-wurd noch in eintsje troch. Yn getallen; twa-tredde fan de kearn foar it ja-wurd en ien-tredde dęrnei (of trije-kwart om in kwart). Mar as it foar jo oars útpakt, hindert neat. Eltse taspraak is ommers wer nij!

In taspraak kin sa lang wurde as jo wolle. Dat is ek hiel persoanlik en hinget ek ôf fan de winsken fan it breidspear. In houliksplechtichheid fan 20 minuten hat in kearn fan likernôch 800 wurden.

TIPS

  • Stel it breidspear sintraal (praat ek tsjin it breidspear en net allinnich oer it breidspear)
  • Ferwurkje allinnich mar positive gegevens
  • Jou gjin krityk
  • Węs humoristysk (bytsje pleagje mei wol hear)
  • Węs hertlik en lit belutsenheid blike


Foarbylden de kearn