Nederlands
| Contact | Sitemap
 
Tarieding

In houlik slute is in formele hanneling. Dochs is it gebrűklik dat de trou-amtner de houlikssluting spesjaal en persoanlik besiket te meitsjen troch de taspraak om it ja-wurd hinne. Dat makket in troutaspraak spesifyk. Hoe't sa'n taspraak ynelkoar stekke kin en hokker mooglikheden der binne, is te finen by Boustiennen.

De tarieding foar it skriuwen leit yn it petear dat de BABS yn it foar hat mei it breidspear. Hjirűnder fine jo tips, ideeën en foarbyldfragen, dy't yn de praktyk goed wurkje. Brűk wat by jo past. Ferjit net om in soad oantekens te meitsjen. Ast dat wat ferfelend fynst tsjinoer it breispear, kinst sizze datst alles opskriuwst omdatst it breidspear –om it sa mar te sizzen- by dy ha wolst ast thús de taspraak skriuwst.

Foar josels: it hindert neat as jo skriuwflaters meitsje yn jo oantekens. As jo sels noch mar witte wat der sein waard yn it petear. Dęr giet it om.

  • Rekkenje op oardel oere tiid. Jou dat yn it foar oan. Dan wit elts węr't er oan ta is.
  • As it heal kin, lit it petear plakfine by it breidspear thús. Foardiel foar it breidspear: it is meastentiids űntspannener, it praat wat frijer, wat minder formeel. Foardiel foar de BABS: freegje te kinnen nei in foto oan de wand, in komplimint oer de moaie houten flier of oer de tún brekt it iis drekst. Boppedat wurdst as BABS hiel wat gewaar oer it breidspear by harren thús oer hobby's, libbenswize, ensfh.
  • Jou oan it begjin oan wat it doel is fan dit petear:
  • it breidpear kennen leare om sadwaande in taspraak skriuwe te kinnen dy't by harren past
  • winsken fan it breidspear troch te nimmen
  • de gong fan saken troch te nimmen
  • fragen fan it breidpear te beantwurdzjen.

Dit rychje klinkt hiel strukturearre, mar yn de praktyk docht bliken dat de fragen trochelkoar hinne rinne. Hindert neat, dat makket it petear spontaner en meastentiids fine breidspearen dat wol plezierich.

Fragen

  • Hoe sjocht jim troudei der út? (de űnderdielen fan de dei)
  • Wa binne jim gasten?
  • Wa binne jim tsjűgen en węrom binne dizze minsken sa spesjaal foar jim?
  • Trouwe jim yn tsjerke? Hoe wichtich is tsjerke yn ferliking mei it boargerlik houlik?
  • Hoe ha jim elkoar moete?
  • (Foar de breid) Bist ek frege? Hoe?
  • Wat is der sa spesjaal oan har/oan him?
  • Wat binne jim hobby's?
  • Hokker wurk dogge jim? (Hokker oplieding ha jim dien?)
  • Binne jim ek lęzers? Hokker skriuwers? Muzykynteresses?
  • Wolle jim tegearre de trouseal yn / giet de breid oan de earm fan har heit de trouseal yn?
  • Ha jim trouringen? Dogge jim dy yn de trouseal om? (Of yn tsjerke?)
  • Wurde de ringen jim brocht (troch tsjűge, neefke/nichtsje/dochter/soan) of lizze jim it doaske al op de tafel del as wij begjinne?
  • Ha jim ek muzyk om te draaien foar/tidens/nei de houliksplechtichheid? (Freegje ek nei de reden fan dit spesifike muzykstik)
  • Yn hokker taal wolle jim de troutaspraak? (Der kin fansels ek in miks fan talen tapast wurde.)
  • Fine jim it leuk as ik wat fertel oer it gebou/it plak węr't wij sitte? (Yn it gefal der in ferhaal is bij de troulokaasje. Bygelyks in stikje skiednis.)
  • Węrom kieze jim foar dizze troulokaasje?
  •  Binne der ek minsken dy't ik spesjaal wolkom hjitte moat oan it begjin fan de taspraak?
  • Binne der ek persoanlike dingen dy't ik as BABS witte moat? (skieden âlders dy't net neist elkoar sitte wolle, de breid is yn ferwachting mar har suske hat krekt in miskream hân, de folwoeksen bern fan de bręgeman komme net nei de troudei, ensfh.)
  •  As der sprake is fan rou (berntsje ferlen, mem krekt stoarn) dan is dat goed om eefkes te bepraten. Wol it breidspear dęr ek wat mei yn de troupechtichheid? (Bygelyks troch in kears oan te stekken of yn de taspraak beneamme dat mem der net mear by is.)
  • Freegje it breidspear hoe't de nammen útsprutsen wurde moatte. It ja-wurd is nammentlik mei de offisjele nammen. Freegje ek nei de útspraak as de efternamme(n) yn it Frysk oars klinke as yn it Nederlânsk. (Bygelyks: Bouwhuizen-Bouhuzen, Dijk-Dyk.)
  • Wat moat de toan wurde fan de plechtichheid? (Jo fiskje no nei antwurden as: fleurich - mei wol wat humor yn sitte – net te stiif net te dreech - it mei echt wol serieus węze – filosofyske ynslach ensfh.)

TIPS

  • Ek al kinne jo it breidspear goed, hâld dochs it petear. It smyt mear op.
  • As jo de taspraak printe, doch dat op in 14 punts lettertype. Dat lęst it fijnst.
  • Skriuw bysűnderheden boppe-oan de taspraak. Sa as: breid mei heit de trouseal yn, muzyk by it der yn kommen, enfh.
  • Moatte jo minsken spesjaal wolkom hjitte? Freegje yn it foar, oan bygelyks de seremoanjemaster, oft dyjinge(n) ek oanwęzich is (binne).