Nederlands
| Contact | Sitemap
 
Grinzen oer
Yntegrale nota 2013-2016

De nota Grinzen oer is in yntegrale nota, mei beliedsterreinen dy't elkoar faak oerlaapje. it past by de provinsjale ambysje om minder tiid oan nota's en mear tiid oan de ķtfiering en Űfstimming te besteegjen. Boppedat is der yn it ķtfieringsakkoart 2011Ė2015 al oankundige dat dizze (bliuwende) kearntaken yn in yntegrale nota op haadlinen oan Provinsjale Steaten oanbiede wurde soenen.

Kultuer, taal en Żnderwiis hawwe mei-inoar mien dat se in wÍzentlik Żnderdiel foarmje fan de Fryske identiteit. De provinsje sjocht it as syn taak om dy identiteit te fersterkjen, yn st‚n te h‚lden en better sichtber te meitsjen.

De nota Grinzen oer behannelet it kultuer-, taal- en Żnderwiisbelied op haadlinen en op grŻn fan in provinsjebrede fisy. DÍrmei binne de beliedsramten foar de kommende jierren ķtwurke.