Nederlands
| Contact | Sitemap
 
Bestjoers˘fspraak 2013

Op moandei 22 april hat Minister Ronald Plasterk fan YnlÔnske Saken en Keninkryksrelaasjes tegearre mei deputearre fan de provinsje FryslÔn, Jannewietske de Vries, de Bestjoers˘fspraak Fryske Taal en Kultuer 2013 (BFTK) tekene. De űndertekening wie yn it provinsjehűs yn Ljouwert.

Yn Ĺe bestjoers˘fspraak steane foar de kommende fiif jier ˘fspraken dy't de Fryske taal en kultuer befoarderje op it mŕd fan űnderwiis, media en kultuer. De BFTK is in ˙twurking fan ferdrachsferplichtings foar de Fryske taal en kultuer oer: it Europeesk hÔnfest foar regionale talen en talen fan minderheden en it Ramtferdrach beskerming fan nasjonale minderheden. It wurdt om de safolle tiid opsteld en leit de mienskiplike ferantwurdlikens fan Ryk en provinsje foar de Fryske taal en kultuer fŕst. De earste bestjoers˘fspraak kaam yn 1989 ta stÔn en waard twa kear earder by de tiid brocht, yn 1993 en 2001. De BFTK soarget tegearre mei de Wet gebruik Friese taal foar in stevige ferankering fan de Fryske taal en kultuer yn de kommende jierren.