Nederlands
| Contact | Sitemap
 
Presintaasje Żndersyksgegevens
Hokker taal prate jo?

Oanlieding

De soarch is in terrein dat bot yn beweging is. DÍr't de minsken altyd rekkenje koenen op it rjocht op soarch is dat no oan it omdraaien. De oerheid freget minsken wat se sels wůl kinne en wat se sels oan soarch regelje kinne. Rjocht op soarch is dÍrmei net altiten mear fanselssprekkend. DÍrby ferwachtet de oerheid ek fan minsken dat se sels de rezjy oer harren libben en dus ek oer soarch yn hannen nimme. Dizze feroaring yn belied betsjut dat kommunikaasje oer en yn de soarch hieltiid wichtiger wurdt. Mar betsjut dat ek dat taal in gruttere rol spylje sil? Om krekt te witten te kommen hoe't der oer taal en it belang fan taal tocht wurdt yn de soarch, hat de AfŻk it inisjatyf nommen foar it Żndersyk Hokker taal prate jo?

Hokker taal prate jo?

Welke taal brŻke brŻke minsken yn soarchsitewaasjes, allinne Nederl‚nsk, of ek oare talen lykas Frysk, Bildtsk, Stellingwarfsk en allochtoane talen? Of wurde dizze talen net brŻkt, mar soenen minsken dat eins wol wolle? En brŻke soarchferlieners dy talen ek yn petear mei harren klanten? En wat fine sy sels en de klanten dÍr eins fan? Mar leafst 350 studinten fan de oplieding Verzorgende IG fan ROC Friese Poort en ROC Friesland College giene yn petear mei soarchfregers en fersoargjenden!

Dy kombinaasje makket Hokker taal prate jo? ta in bysŻnder Żndersyk dat oan sawol de kant fan de soarch as de kant fan it Żnderwiis nijsgjirrige resultaten opsmyt.

Resultaten

De (memme)taal is fan belang yn soarchsituaasjes, draacht by oan it wolwÍzen fan soarchfregers en soarget foar in better begryp oer en wer. Dat binne de wichtichste konklķzjes ķt it ferkennende Żndersyk ĎHokker taal prate jo?'

De resultaten befÍstigje yndie it byld dat taal aktueel is en dat it wichtich is dat it soarchpersoniel fan de takomst dÍr op taret wÍze moat. Dat jildt likegoed foar de kennis fan de taal as foar it besef fan wat taal dwaan kin. Om't bliken docht dat in grut part fan de soarchfregers yn Frysl‚n it Frysk as memmetaal hat, jout dizze ferkenning ek genŰch arguminten om al yn de opliedings yn it Frysk te ynvestearjen.

Yn totaal wurken 350 studinten fan de oplieding Verzorgende IG fan beide Fryske ROC's mei oan ĎHokker taal prate jo?'. Sy giene op har staazje-adressen, rŻnom yn de provinsje, yn petear mei sawol soarchfregers as fersoargjenden oer taal yn 'e soarch.