Nederlands
| Contact | Sitemap
 
Taalorgaan

It Orgaan foar de Fryske taal sjocht ta op de status en it gebrūk fan it Frysk yn de provinsje. It advisearret en rapportearret oan bestjoersorganen (lykas ministearjes, provinsje en Fryske gemeenten) en rjochterlike ynstānsjes. It hat ek in agindearjende en advisearjende funksje. It sjocht ek ta op de juste ynfolling fan it Ramtferdrach oangeande de beskerming fan nasjonale minderheden en op it Europeesk Hānfźst foar regionale talen en talen fan minderheden. It orgaan telt fiif leden, dy't mei yngong fan 1 jannewaris 2014 beneamd binne: Klaas Sietse Spoelstra (foarsitter), Bianca Pander, Freddy Weima, Tytsy Willemsma en Hanny Elzinga.

It Stipepunt 2.0 slśt oan op it Stipepunt Frysk fan de Afūk. It Stipepunt 2.0 wurket de konstatearringen en oanrikkemedaasjes fan it orgaan śt.