Nederlands
| Contact | Sitemap
 
Ryk

De Friezen hawwe in eigen taalwet. Dźr wurdt yn regele dat it Frysk en it Nederlānsk de offisjele talen binne yn de provinsje Fryslān. Wetlik leit fźst dat Fryske boargers it rjocht hawwe om yn de rjochtseal en yn it kontakt mei bestjoersorganen harren eigen taal, Nederlānsk of Frysk, te brūken. Fierder is der in nij Orgaan foar de Fryske taal ynsteld, mei wetlike taken om it Frysk te beskermjen en te befoarderjen.

Dat regelet de Wet gebrūk Fryske taal, dy't op 1 jannewaris 2014 yngien is. Minister Plasterk (Ynlānske Saken en Keninkryksrelaasjes) achtet it fan grut belang dat der no in taalwet is dy't it Frysk beskermet en befoarderet.

It Orgaan foar de Fryske taal sjocht ta op de status en it gebrūk fan it Frysk yn de provinsje. It advisearret en rapportearret oan bestjoersorganen (lykas ministearjes, provinsje en Fryske gemeenten) en rjochterlike ynstānsjes. It hat ek in agindearjende en advisearjende funksje. It sjocht ek ta op de juste ynfolling fan it Ramtferdrach oangeande de beskerming fan nasjonale minderheden en op it Europeesk Hānfźst foar regionale talen en talen fan minderheden. It orgaan telt fiif leden, dy't mei yngong fan 1 jannewaris 2014 beneamd binne: Klaas Sietse Spoelstra (foarsitter), Bianca Pander, Freddy Weima, Tytsy Willemsma en Hanny Elzinga.

Fierders regelet de nije wet it oanskerpjen fan regels oer it gebrūk fan de Fryske taal troch de desintrale oerheden yn Fryslān. Dy bestjoersorganen moatte tenei regels en in beliedsplan opstelle foar it gebrūk fan de Fryske taal.

Yn de nije wet wurde besteande wetlike ramten gearfoege en oanskerpe.