Nederlands
| Contact | Sitemap
 
Belied

In meartalige begjinsitewaasje is in prima ķtgongspunt foar in brede taalŻntwikkeling. Skoallen yn Frysl‚n kinne, folle mear as sy oant no oan ta dogge, har foardiel dwaan mei sa'n meartalige start. It is dan wol saak om alle ynspannings op it mÍd fan taalŻnderwiis sa goed mooglik op elkoar Űf te stimmen. Optimale taalŻntwikkeling freget om belied: TAALBELIED.

In taalbeliedsplan is in strukturele en strategyske oanset om de deistige skoalpraktyk yn in meartalige omjouwing oan te passen. Benammen om oan te sluten by it taallearferlet fan Ďe learlingen. En mei it doel om de Żnderwiisresultaten fan dy learlingen te ferbetterjen.

Yn it taalbeliedsplan kinne skoallen har fisy op taalŻnderwiis en meartalichheid omskriuwe. Se meitsje Űfspraken oer de rol fan taal/talen by oare fakken. Se jouwe oan hokfoar metoaden/materialen yn Ďe groepen brŻkt wurde, hoe't der sinjalearre en diagnostisearre wurdt en wat de toetsresultaten binne. Ek jouwe se oan hoe't se foar de ferskillende talen (Nederl‚nsk, Frysk en Ingelsk) systematysk tawurkje nei it berikken fan Ďe kearndoelen.

In taalbeliedsplan rjochtet him benammen op it ferbetterjen fan Ďe organisaasje en de ynh‚ld fan it taalŻnderwiis op skoallen yn meartalich Frysl‚n, sawol op skoalle as op boppeskoalsk nivo.

Provinsje en Ryk stimulearje de Fryske basisskoallen om op it mÍd fan Frysk, Nederl‚nsk en eventueel Ingelsk, ta in yntegraal taalbelied te kommen. Yn dat perspektyf binne nije kearndoelen foar dy taal formulearre. Yn it taalbelied jouwe de skoallen oan wat de taalsitewaasje fan de learlingen is en hoefier't se mei de learlingen komme wolle as it om it berikken fan de nije kearndoelen giet.

Gemeenten kinne de basisskoallen oantrķnje om in taalbeliedsplan op te stellen en dÍryn omtinken te jaan oan it Frysk, sadat dķdlik wurdt hokker plak it Frysk yn skoalle hat en krije sil en hoe't sy de kearndoelen Frysk ķtfiere wolle.

De taalŻnderwiisadviseurs fan CEDIN begeliede skoallen by it Żntwikkeltrajekt nei in taalbeliedsplan. Yn dat trajekt wurdt de spesifike begelieding foar it aspekt meartaligens fergees oanbean troch Taalsintrum Frysk.

Sjoch foar mear ynformaasje op www.taalsintrumfrysk.nl of nim kontakt op mei CEDIN, tel. 088-0 200 300, info@taalsintrum.nl.