Nederlands
| Contact | Sitemap
 
Meartalige pjutteplakken en bernedeiferbliuwen

Meartalichheid befoarderet de talige, sosjale en yntellektuele Żntwikkeling fan bern. Dat is it ķtgongspunt fan it Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO). Sy helpe liedsters yn it pjuttewurk en de berne-opfang by it foarm jaan fan taalbelied en by de praktyske ķtfiering. Persoanlik en saakkundich.

De minsken fan it SFBO geane by de pjutteplakken en bernedeiferbliuwen del om te helpen by it kreŽarjen fan in taalrike omjouwing foar de bern. Der wurdt konsekwint mei de talen omgien: ien-persoan-ien-taal. Alden wurde dÍr fansels by belutsen. Fansels wurdt der ynformaasje jŻn en der wurde ‚lderjŻnen h‚lden oer meartaligens en it belang fan taalbelied en taaloanbod. Ut Żnderfining docht bliken dat goed ynformearre ‚lders har prima fine kinne yn it Frysk- of twatalich belied.

Fierder is der in ŻnŰfhinklike fisitaasjekommisje, dy't de plakken beoardielet op it ķtfieren fan it belied. As dat yn oarder is, komme de organisaasjes yn oanmerking foar in sertifikaat en in subsydzje fan Ä 2.250,- fan de provinsje Frysl‚n.

Mear witte oer meartalige pjutteplakken en/of berne-opfang en de mooglikheden dy't it SFBO biedt? Gean dan nei www.sfbo.nl of nim kontakt op. Stjoer in email nei ynfo@sfbo.nl of belje 058-234 85 25.