Nederlands
| Contact | Sitemap
 
Heit en Mem

Heit en Mem is in twatalich tydskrift, bedoeld foar alle heiten en memmen yn Fryslân mei bern fan 0 oant 12 jier. Yn it tydskrift steane nijsgjirrige artikels oer bygelyks adopsje, ekseem, ferlegen bern, yn ferwachting wêzen, dysleksy, itensieden mei bern, meartalich grutwurden en alles wat âlders dwaande hâldt. Ek fine jo yn elk nûmer ynstjoerde post, grappige foto's fan bern út Fryslân en siden mei aardige gadgets foar âlders en bern.

It tydskrift is fergees en wurdt besoarge troch hiel Fryslân. It is ûnder oare te finen yn boekhannels en bibleteken. Gemeenten kinne it tydskrift ek fergees útdiele of minsken trochferwize nei de website www.heitenmem.nl.

Foar mear ynformaasje of advies kinne jo kontakt opnimme mei de Afûk. Belje 058-2343070 of stjoer in e-mail nei ynfo@afuk.nl.