Nederlands
| Contact | Sitemap
 
Praat mar Frysk

Praat mar Frysk is de leukste kampanje fan Fryslân en elkenien kin meidwaan. De Praat mar Frysk kampanje wol Friezen bewust meitsje fan harren taal en identiteit en de mearwearde sjen litte fan meartaligens. Simpel sein: drompels weinimme om it Frysk te brűken.

Gemeenten binne wichtige partijen foar de Afűk yn dizze kampanje. Foar bedriuwen, oerheden, ferienings en oare organisaasjes is bewustwurding fan de rol fan it Frysk binnen harren organisaasje belangryk. Wat kin it brűken fan it Frysk binnen harren organisaasje betsjutte foar de organisaasje en foar harren klanten?

Promoasjemateriaal kinne jo fergees bestelle op www.praatmarfrysk.nl. Jo kinne dęr ek jo 'Praat mar Frysk' ideeën kwyt.

Foar mear ynformaasje en mooglikheden yn jo gemeente kinne jo kontakt opnimme mei de Afűk. Stjoer in e-mail nei praatmarfrysk@gmail.com of belje 058-234 30 70.