Nederlands
| Contact | Sitemap
 
Praat mar Frysk

Praat mar Frysk is de leukste kampanje fan Fryslān en elkenien kin meidwaan. De Praat mar Frysk kampanje wol Friezen bewust meitsje fan harren taal en identiteit en de mearwearde sjen litte fan meartaligens. Simpel sein: drompels weinimme om it Frysk te brūken.

Gemeenten binne wichtige partijen foar de Afūk yn dizze kampanje. Foar bedriuwen, oerheden, ferienings en oare organisaasjes is bewustwurding fan de rol fan it Frysk binnen harren organisaasje belangryk. Wat kin it brūken fan it Frysk binnen harren organisaasje betsjutte foar de organisaasje en foar harren klanten?

Promoasjemateriaal kinne jo fergees bestelle op www.praatmarfrysk.nl. Jo kinne dźr ek jo 'Praat mar Frysk' ideeėn kwyt.

Foar mear ynformaasje en mooglikheden yn jo gemeente kinne jo kontakt opnimme mei de Afūk. Stjoer in e-mail nei praatmarfrysk@gmail.com of belje 058-234 30 70.