Nederlands
| Contact | Sitemap
 
Oare minderheidstalen

Der binne ferskate gemeenten yn Frysl‚n dy't op allerhande mÍd gearwurkje mei gemeenten yn oare lannen. By sa'n gearwurking giet it dan faak om kennisķtwikseling en somstiden om fysike saken. Foar gemeenten kin it dan ek nijsgjirrich wÍze om te sjen hoe't gemeenten yn oare minderheidstaalgebieten omgeane mei taal. Op dit stuit hat de gemeente Dantumadiel sa'n freonskipsb‚n mei in gemeente yn in oar minderheidstaalgebiet: Kramarzyny, yn de regio KasjŻbiŽ yn Poalen, dÍr't neist it Poalsk de minderheidstaal KasjŻbysk praat wurdt.