Nederlands
| Contact | Sitemap
 
Frysk op de wurkflier: praat en skriuw de taal fan jo klant!
Meiwurkers

Nim foar in kursus Frysk op maat foar meiwurkers fan jo gemeente kontakt op mei de Afūk. Op in yn oerlis mei jo fźststelde dei en tiid kinne wy in kursus "oan hūs" fersoargje.

De kursussen Frysk wurde op ferskate nivo's jūn. Net-Frysktaligen kinne it Frysk ferstean, lźzen en praten leare of in konversaasjekursus folgje om noch better Frysk praten te learen. Foar Frysktaligen binne der kursussen om it skriuwen te learen, fan in kursus yn it skriuwen fan koarte berjochten oant in kursus yn it skriuwen fan amtlike teksten. By de lessen kin oefenstof brūkt wurde śt de deistige praktyk fan de kursisten.

Nei ōfrin fan in kursus kinne kursisten dielnimme oan in eksamen of der kin in sertifikaat śtrikt wurde.

Ek as jo in kursus Frysk skriuwen oanbiede wolle oan bygelyks meiwurkers fan doarpskranten of websites yn jo gemeente, binne jo by de Afūk oan it goeie adres.

Nim foar in frijbliuwende offerte kontakt op mei de kursusorganisaasje fan de Afūk. Stjoer in e-mail nei l.kuiper@afuk.nl of belje 058-234 30 79.