Nederlands
| Contact | Sitemap
 
Media & kultuer

It byld dat boargers hawwe fan harren gemeente wurdt ûnder oaren bepaald troch persoanlik en bedriuwsmjittich kontakt. Dêrby giet it meastentiids om mûnlinge kommunikaasje wêrby't de ôfspraken skriftlik fêstlein wurde. Fansels giet it petear yn de taal dy't de dielnimmers it bêste leit, faak is dat it Frysk.

Dêrneist krije minsken folders fan de gemeente, lêze hja de gemeenterubryk en krije sy yn de media saken dy't nijswearde hawwe mei. Hieltyd faker wurdt dêrby troch gemeenten bewust in kar makke tusken it Frysk en it Nederlânsk. De iene kear hinget it ôf fan de bestjoerder, de foarljochter of de skriuwer fan it parseberjocht, de oare kear wurdt sjoen nei it ûnderwerp dêr't de gemeente oer kommunisearje wol. It is wichtich dat in gemeente dêr foarôf sels oer neitinkt, om't it foar in part it byld bepaalt dat minsken fan de gemeente hawwe.

Dêrnjonken binne yn de Fryske gemeenten allerhande organisaasjes dwaande dy't foarm jouwe oan it kultureel belied en de kulturele identiteit fan de gemeente. Sa binne der toanielferienings, doarpskranten, mar ek profesjonele organisaasjes lykas it sosjaal- kultureel wurk. Gemeenten kinne harren fasilitearje op it mêd fan it Frysk troch subsydzjes, mar fansels ek troch kursussen te organisearjen foar de frijwilligers en meiwurkers fan de organisaasjes.

Sjoch foar mear ynformaasje oer it kursusoanbod fan de Afûk op www.afuk.nl of nim foar in op-maat-makke oanbod kontakt op mei de kursusorganisaasje. Stjoer in e-mail nei l.kuiper@afuk.nl of belje 058-234 30 79.