Praat mar Frysk
Praat mar Frysk is de leukste kampanje fan Fryslân en elkenien kin
meidwaan. De Praat mar Frysk kampanje wol Friezen bewust meitsje fan
harren taal en identiteit en de mearwearde sjen litte fan meartaligens.
Simpel sein: drompels weinimme om it Frysk te brûken. Gemeenten
binne wichtige partijen foar de Afûk yn dizze kampanje. Foar bedriuwen,
oerheden, ferienings en oare organisaasjes is bewustwurding fan de rol
fan it Frysk binnen harren organisaasje belangryk. Wat kin it brûken fan
it Frysk binnen harren organisaasje betsjutte foar de organisaasje en
foar harren klanten? Promoasjemateriaal kinne jo fergees bestelle op www.praatmarfrysk.nl. Jo kinne dêr ek jo 'Praat mar Frysk' ideeën kwyt. Foar mear ynformaasje en mooglikheden yn jo gemeente kinne jo kontakt opnimme mei de Afûk. Stjoer in e-mail nei praatmarfrysk@gmail.com of belje 058-234 30 70.
|